Uit: Fryslân 11;1 (2005), 3-5`.
Heech tiid foar in 'canon' fan de Fryske skiednis en kultuer
Kerst Huisman
It troch de Nederlânske steat ratifisearre Europeesk Hânfest foar Minder Sprutsen Talen neamt net allinnich in tal easken foar ûnderwiis yn de Fryske taal, mar ek yn de Fryske skiednis. Sjoen it útgongspunt fan de opstellers fan it hânfest (nammentlik de beskerming fan de lytsere taalkundich-kulturele identiteiten sûnder in eigen steat) leit it foar de hân om by dit troch it hânfest foarstiene skiednisûnderwiis net allinnich te tinken oan de feitlik groeide sitewaasje, mar ek oan dy fasetten, dy't mei dy spesifike eigen identiteit te krijen hawwe. Dus heart der net allinnich omtinken te wêzen foar it yngroeien yn de (Nederlânske) ienheidssteat, mar ek foar dy fasetten, dy't oant hjoeddedei ta befoarderlik west hawwe foar it fierder bestean fan de Fryske identiteit.
It is net sa logysk, de Fryske skiednis te sjen as de skiednis fan de provinsje Fryslân. Want der hawwe yn it ferline hiel wat minsken west dy't harsels as Friezen seagen, mar alhiel net yn it gebiet fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân wennen. Mar boppedat: der binne ek hjoeddedei bûten dizze provinsje kriten mei de namme Fryslân/Friesland: West-Fryslân yn Noard-Hollân, East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútsklân en dan ek noch de Kreis Friesland om Wilhelmshaven hinne. Dêrom kin de Fryske skiednis beswierlik beheind wurde ta dy fan de Nederlânske provinsje Fryslân.
It is logysker om dêrom de 'Fryske skiednis' te sjen as de skiednis fan it kollektyf dat bekend stiet as Friezen. De hjoeddeistige Friezen sette, troch har út te sprekken dat hja Friezen binne, in kulturele entiteit fan twa millennia fuort, en lykje dat fan belang te finen, oars soenen se harsels net as Friezen beskôgje. It sil dúdlik wêze, dat de ynhâld fan dat begryp 'Friezen' him yn de rin fan de tiden ek nochal wizige hat. De ynwenners fan gebieten mei in ieuwenâld Frysk ferline, lykas Hollân en Grinslân, sjogge harsels hjoeddedei oer it generaal net mear as Friezen. Dochs heart der by 'Fryske skiednis' wol op de ien of de oare wize omtinken jûn te wurden oan dy histoaryske feiten, al soe it allinnich mar wêze om yn ús moderne tiid ûnder Fryske bern al te provinsjaal-sjauvinistyske gefoelens yn it foar te kommen. It laat tagelyk ta it ynsicht dat de Fryske skiednis mooglik wolris wichtiger foar it ûntstean fan it lettere Nederlân wêze kin as it skiednisûnderwiis oant no ta faken hawwe woe. Kennisse fan en belutsenens by de Fryslannen yn Dútsklân kin liede ta it ferbreedzjen fan it konkrete, op ús eigen skiednis belutsen eachweid oer de steatsgrins hinne. Kennisse fan dy skiednis kin ek liede ta de ûntdekking dat Fryske belutsenens by Europa en de wrâld al in hiel âld ferskynsel is (de Fryske hannel yn de iere en folle midsieuwen en it katolike Fryslân mei in eachweid oant yn Rome, mei syn eigen Friezentsjerke).
Mar wêrom soenen wy pleitsje foar ûnderwiis yn Fryske skiednis yn de krekt omskreaune betsjutting? Rûnom yn Nederlân wurdt klage oer in ferskriklik brekme oan kennisse fan it Nederlânske ferline. Wylst krekt it witten, hoe't ús mienskippen en bestjoersfoarmen, ús omgean mei elkoar en frijheid ûntstien binne, wêzentlik binne foar in goede opstelling yn in tiid fan ôfnimmende tolerânsje en tanimmende bedriging fan de demokraty. En krekt yn it Fryske ferline sitte saken, dy't op syn minst in eigen aksint jûn hawwe oan dy ûntwikkelingen dy't ek Nederlân makke hawwe wat it wurden is, en dy't yn de Fryske lannen sels earder begûn binne as earne oars.
As foarbyld wol ik it oerlismodel neame, dat - efkes ôfsjoen fan de fraach of it sa is - neffens in soad minsken 'typysk Nederlânsk' is. Neffens Nederlânske histoarisi soe it oerlismodel benammen tebekgean op de ynfloed fan de Hollânske wetterskippen en heechhiemredskippen, mar de dykferbannen en sylfesten yn de Fryske lannen binne minstens sa âld. Foar it oanlizzen en ûnderhâld fan diken - in ûnbidich wurk - wie in soad oerlis needsaaklik. De plicht ta dykûnderhâld stiet yn it midsieuske Fryske lânrjocht: 'Dit is ek lânrjocht, dat wy Friezen in seeboarch hawwe te stiftsjen en te ûnderhâlden, in gouden hoep, dy't om hiel Fryslân leit.' En mei dat 'hiele Fryslân' waard doe it gehiel fan Fryske lannen bedoeld. Hjirby kin ik ek it oardiel fan de Grinzer histoarikus Anneke Mulder-Bakker oanhelje yn har fizy op de 'Gouden Ieu fan de Abten'. Hja stelt dy fizy njonken dy fan Jonathan Israel, dy't tinkt dat de grûnslach foar it súkses fan de Republyk fan de Sân Feriene Provinsjes lein is yn Hollân, dat súksesfol ta in ier-moderne steat opboud wie yn de lette midsieuwen. De rol fan de greve as fredestifter waard, sa seit Mulder, yn de Fryske lannen spile troch de machtige abten fan de grutte kleasters. Dy abten brochten de Friezen benammen yn de trettjinde ieu ta it oanfurdigjen fan in kristlik weardesysteem, it needsaaklik fûnemint foar in goed, modern en op 'n doer demokratysk steatsbestel. Hjir past ek it ferhaal by fan it foar de hanthavening fan de lânfrede wichtige Upstalsbeamferbûn, dat lykwols gjin stân wist te hâlden tsjin de hieltyd wer de kop opstekkende partijskippen (Skieringers en Fetkeapers). Mar der wie in begjin makke, en de partijskippen spilen oant 1500 ta yn it greefskip Hollân likegoed in grutte rol. Sa soe de basis foar de lettere Nederlânske demokraty al yn de Fryske lannen lein wêze kinne.
Yn har artikel 'Wat iedereen móet weten van de vaderlandse geschiedenis. Een canon van het Nederlands verleden', dat de histoarisi Jan Bank en Piet de Rooy skreaun hawwe yn NRC/Handelsblad fan 30 oktober 2004, komme hja mei in beskriuwing fan wat de learlingen eins hearre te witten oer de Nederlânske skiednis. De Onderwijsraad, it heechste adfysorgaan fan minister Van der Hoeven, hat dêr op 17 jannewaris 2005 by oansletten mei de eask fan skiednisûnderwiis, om dêrmei de Nederlânske identiteit fuort te sterkjen. Dêrta moat der troch wittenskippers en ynteressearre amateurs in 'canon' gearstald wurde fan de Nederlânske kultuer en skiednis, dy't yn it taalûnderwiis, skiednis, maatskippijlear, kulturele foarming, technyk en geografy brûkt wurde kin. Mar as it giet, lykas it oant no ta altyd gien is, falt te ferwachtsjen dat it in folslein sintralistysk-Hollânsk ferhaal wurdt, en it Fryske elemint hielendal ferdwynt. It is dêrom de heechste tiid dat wy ús yn Fryslân oppondearje, om yn elts gefal ús foarstelling fan it ferline op tafel te lizzen en yn wittenskip en ûnderwiis te bediskussearjen. It feit dat de Nederlânske ryksoerheid ús as nasjonale minderheid erkend hat, is dêrta in ekstra stimulâns. Dy posysje fan nasjonale minderheid wol sizze, dat neffens de ryksoerheid wy Friezen in minderheid mei in eigen idee fan naasje binne binnen de Nederlânske steatsnaasje.
In 'canon' fan de Fryske skiednis en kultuer soe yn elts gefal fjouwer algemiene eleminten befetsje moatte.
- De natuerlike omjouwing. Dêrby moat tocht wurde oan de lizzing oan in al ier drok befarde see en rivieren, mei de hannel (Fryske hannel yn de midsieuwen en nije tiid) en seefeart en skipperij en dêrmei ek mei mooglikheden ta in iere stêdsfoarming (Starum, Grins, Emden). Tagelyk heart hjir ek it ferhaal by fan oerstreamingen, lânferlies en terpen (wierden) mei de kultuer dy't dêrby heart en de bedikingen en ûntginningen. It troch in soad wetters trochsniene lânskip wie ek tige befoarderlik foar it ûntstean fan desintralisearre ynstitúsjes (de mear as tweintich ferûnderstelde 'frije boererepubliken' oan de súdlike Noardseekust).
- It selsstannige bestean fan Fryslân, as Germaanske stam (earste opstân yn it lettere Nederlân tsjin de Romeinen), as keninkryk (seisde oant yn achtste ieu), as samling ûnôfhinklike territoaria (1250-1500) en as soevereine provinsje yn it ferbân fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen (1580-1798).
- De frijheidsideology en de dêrmei gearhingjende mentaliteitsskiednis: it iere humanisme (Rudolf Agricola), nije 'demokratyske' religieuze streamingen (anabaptisme, menistendom, kalvinisme), it ferljochtingstinken oan de universiteit fan Frjentsjer (1585-1811), moderne politike bewegingen (it iere sosjalisme fan om 1890 hinne, dat sa'n grutte oanhing krige yn Fryslân en Grinslân en de yn it Noarden ier ynsettende bûtentsjerklikens). Behanneling fan dizze frijheidsideology kin ek hiel ynteressant wêze wat de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme oangiet: wat dienen de East- en Noard-Friezen yn dy tiid eins mei dy Fryske frijheid?
- De oerliskultuer, fuortkommend út de bedikingen, de fredestiftsjende en oarderhanthavenjende rol fan de grutte kleasters, it grutte tal âlde rjochtsbepalingen (âld-Frysk rjocht) en de pleatslike autonomy.
As spesjals soenen dan noch inkelde oan in beskate tiid ferbûne aspekten yn elts gefal in plak fertsjinje. It sil opfalle, dat hjir de klam leit op Westerlauwersk Fryslân. Mar dat is ek wer logysk, omdat te ferwachtsjen falt, dat de betingsten fan it Europeesk Hânfest foar Minder Sprutsen Talen yn it earst benammen yn dizze provinsje ta útfiering komme sille.
- It tiidrek fan de steedhâlders mei harren hofkultuer. Hjir soe omtinken wêze kinne foar de twaliddigens yn harren posysje: de orangistyske, op de ienheid mei Hollân rjochte steedhâlders as symboal fan de Fryske ûnôfhinklikens en it Fryske besykjen om de ûnôfhinklikens te bewarjen tsjinoer de Steaten-Generaal. In opfallend ferskynsel is de promininte rol fan de froulju, dy't soms tidenlang, omdat har mânlju al dea wienen en de soannen noch te jong om op te folgjen, allinnich steedhâlder wienen oer Fryslân (en soms ek oer Grinslân en Drinte). Hjir soe neier omtinken mooglik wêze foar Willem Loadewyk, Willem Frederik en Maria Louise van Hessen-Kassel.
- Wittenskip en kultuer, mei yn it bysûnder de Frjentsjerter universiteit mei syn moderne en rasjonele klimaat. Sûnder no te stellen dat krekt dizze figueren omtinken fertsjinje, kinne hjirby, om konkreet dúdlik te meitsjen wêr't it om giet, de folgjende nammen neamd wurde: Johannes Holwarda (1610-1651), de ûntdekker fan de stjer Mira Ceti, de jurist Ulricus Huber (1636-1694), dy't mei syn 'Hedendaagsche Rechtsgeleerdheid' fan 1686 njonken Hugo de Groot stean kin, de filosoof en wiskundige Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) en dy syn soan, de filosoof Frans Hemsterhuis (1721-1790) en de festingbouwer Menno van Coehoorn (1641-1704), en mear yn it algemien ek: Jemme Reindersz fan Dokkum (Gemma Frisius, 1508-1555), heechlearaar yn Leuven, de grûnlizzer fan de kartografy yn de Nederlannen, de jurist en steatsman Vivlius (Wigle) fan Aytta (1507-1577), de histoarikus Ubbo Emmius (1547-1625), de earste rektor-magnifikus fan de yn 1614 stifte universiteit fan Grins, de arsjitekt Hans Vredeman de Vries (1527-1606), de skilder Wybrand de Geest (1592-nei 1660) en de dichter Jan Starter (1593-1626), mar ek foar de dichter Gysbert Japicx, dy't mei syn wurk in werberte fan de âlde Fryske lânstaal as kultuertaal ta stân bringt. Ek soe yn dizze rige de histoarikus Johannes Althusius (1557-1638) út Emden neamd wurde kinne, omdat hy in ferbân lei tusken de Fryske frijheid en it ferset tsjin de foarsten yn syn tiid. Hy kin beskôge wurde as ien fan de grûnlizzers fan de opfetting, dat de soevereiniteit oan it folk heart, en net oan de monarch, en dat de steat berêst op in sosjaal kontrakt. Twa ieuwen nei him sil it ien fan de grûnlizzende ideeën fan de Frânske Revolúsje wêze.
- Pearifearisearring yn de njoggentjinde en tweintichste ieu. Hjirby heart omtinken foar it ûntstean fan de Nederlânske ienheidssteat, ekonomyske tebekgong, it ferdwinen fan de universiteit, it útwenjend grûnbesit, in tanimmende proletarisearring, massale emigraasje, it ûntbrekken fan steatkundige fizy, sosjale striid (de yn Fryslân opfallend frekwinte en massale feanstakings), lânboukrisis fan 1880-1900, fertrekoerskotten, it lang fan rykswege ûntmoedigjen fan yndustrialisaasje en it let, pas yn de jierren fyftich fan de 20e ieu, op gong kommen fan in regionaal belied, de gemeenteklassifikaasje en it yngroeien, op in grut tal mêden, yn de ienheidssteat (ûnderwiis, fersoargingssteat).
- It moderne Fryslân. Der is in soarte fan eigenheid en homogeniteit yn Fryslân bestean bleaun, dy't makket, dat der ek nei 1813 sprutsen wurde kin fan ûntwikkelingen mei in eigen, net altyd en alhiel by it Nederlânske patroan passend aksint. Yn it politike: de Friesche Volkspartij fan ein njoggentjinde ieu, de opmerklike ymmuniteit tsjin NSB-tinkbylden yn de krisistiid, de by tiden eigen Fryske aksinten by de PvdA en de kristen-demokraty, en de FNP yn de twadde helte fan de twintichste ieu. Yn it tsjerklike: in ier ynsettende bûtentsjerklikens. Yn it kulturele: de Fryske Beweging mei (mooglik) omtinken foar: de bruorren Halbertsma, Douwe Kalma, Eeltsje B. Folkertsma (Selsbistjûr-rede) Obe Postma, Fedde Schurer, Kneppelfreed.
Literatuer:
A.B. Mulder-Bakker: De vrede van de abten. Yn: D.E.H. de Boer, R.I.A. Nip en R.W. van Schaik (red): Het Noorden in het midden. Opstellen over de geschiedenis van de Noord-Nederlandse gewesten in de Middeleeuwen en Nieuwe Tijd, Assen 1998.
© Koninklijk Fries Genootschap / de auteur
Dit artikel hoort thuis op de website van het Koninklijk Fries
Genootschap. Verdere verspreiding van dit artikel is niet toegestaan zonder uitdrukkelijke
toestemming van de auteur en / of het Koninklijk Fries Genootschap.