Uit: Fryslân 13;4 (2007), 14-17.
Absenteïsme en skaalfergrutting
Quo vadis, Fryslân ?
Teake Oppewal en Piet Hemminga
De trochgeande skaalfergrutting fan de lêste fjirtich jier is mei de oarsaak foar de grutte feroaringen yn en fan Fryslân. Yn dit artikel komme dêr twa gefolgen fan op it aljemint: it absenteïsme en it ôfbroazeljen fan de Fryske sosjaal-ekonomyske en bestjoerlike struktuer.
Beslisse en wenplak
In âlde Fryske siswize is: 'In hear mei in doarp is in flok, in doarp mei in hear is in lok'. Mei oare wurden, it is in minne saak foar in doarp as in hear syn besit fan om fierrens bestjoert en net sels yn it doarp wennet. De namme dêrfoar is it út Ierlân bekende absenteïsme. Tsjintwurdich bestiet dat absenteïsme noch altyd, sij it yn in oar stal, en it liket oan te boazjen. Yn earder tiden waard in grut part fan it lân yn Fryslân ferpachte. Dy pacht gie nei de lânhearren, fan wa't hiel wat bûten de provinsje wennen. Hjoeddedei giet it om kaaifigueren yn it Fryske ekonomyske, sosjale of kulturele libben dy't yn Fryslân wurkje, dêr oer it generaal in moai grou salaris foar krije en fan wa't ferwachte wurde mei dat se beslissings nimme, mar dy't bûten us provinsje wenje.
Troch de tanommen mobiliteit en de eigen biningen bûten Fryslân, docht bliken dat it hyltyd oantrekliker is om jin net yn Fryslân nei wenjen te setten, mar om oer langere distânsjes en oer de provinsjegrinzen hinne-en-wer te reizgjen. As je hechten binne oan bygelyks Grins, of frou en bern binne dat, wêrom soene je dan as baas of direksjelid fan sis mar Cartesius Instituut, Friesland Bank, Keunstwurk, Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Polysje Fryslân of Provinsjale Amtlike Tsjinst ferhûzje nei Goutum, Grou of Gytsjerk? Yn de Rânestêd is sa njonkenlytsen in oere reistiid fan en nei it wurk hiel gewoan, dus dan kin de direkteur ek wol yn Amsterdam wenjen bliuwe, yn Beverwyk of Wognum, en dochs yn Fryslân kedize oer ekonomy, iepenbier bestjoer, ûnderwiis en kultuer. De gefolgen binne dúdlik. Sokke machthawwers en kedizers yntegrearje net yn de netwurken yn Fryslân, se sille har net mei Fryslân ferbûn begjinne te fielen, it bliuwt harren yn wêzen frjemd, it bliuwe bûtensteanders.
Je sjogge har net yn Harmonie of Lawei, by foarstellingen fan Tryater of op it Ljouwerter Filmfestival, se binne gjin lid fan de Rotary, de bern sitte net by in Fryske klub op hockey of fuotbal, se hawwe gjin abonnemint op FD of LC, it algemien-kultureel moanneblêd de Moanne kenne se net en se sjogge nea nei Omrop Fryslân. Se hawwe wol te krijen mei alles wat Fryslân beweecht, mar meitsje der gjin part fan út. De konsekwinsje sil ek wêze dat har persoanlik belang net lykop hoecht te rinnen mei dat fan de organisaasje yn Fryslân dêr't se foar wurkje. De rekken dêrfoar wurdt presintearre op bygelyks it stuit dat by in fúzje opkommen wurde moat foar de festiging fan in haadkantoar yn Fryslân. Men kin it yndividuele persoanen net kwea-ôf nimme dat se der foar kieze om forins te wurden. Mar men soe wolle dat de bestjoeren en sollisitaasjekommisjes fan bygelyks de Fryske banken, bibleteken, kulturele organisaasjes, oerheid en grutte ûnderwiisynstellings skerper de eask stelden: 'Wolle jo hjir wurkje? Dan hjir ek komme te wenjen!' Of as dat perfoarst ûnmooglik is, oanjaan hoe't de ôfwêzigens kompinsearre wurde kin. Wat betreft de easken foar in nije artistyk direkteur fan Tryater wie Jos Thie yn augsutus 2007 alteast helder: 'Het minste wat je van zo iemand kan eisen is dat hij in Friesland komt wonen.' Dat it letter in 'zij' wurde soe koe Thie doe noch net witte.
Skaalfergrutting
Ien fan de wichtichste oarsaken fan it absenteïsme is de skaalfergrutting. Dat liket in net te kearen proses, dat ek Nederlân yn syn gehiel rekket. De KLM is gjin Nederlânske oangelegenheid mear, om fan ABN Amro mar te swijen, en mei tweintich jier stiet it haadkantoar fan Philips yn Beijing. Mar Nederlân is in gruttere en hiel wat sterkere ienheid as Fryslân, en de skaalfergrutting komt te uzes namste hurder oan. Oant ein jierren tachtich wie Fryslân yn sekere sin in eigen 'lân'. Fansels, it is al lang lyn dat Fryslân syn sûvereiniteit yn it gruttere Nederlânske gehiel opgean seach, mar dochs, der wie in hiele protte dat wol op provinsjale skaal organiseare wie. Dat allegearre befêstige en skewielde de ienheid fan Fryslân. It byld fan Fryslân as in 'lân yn in lân' (Reve syn Teigetje brûkte it koartlyn noch yn de LC, 23-11-2007), mei befoardere troch it hawwen fan in eigen taal, joech sels oanlieding ta parody, lykas bygelyks it Frysk paspoart dat de Fryske VVV al desennia lang útjout en it kostúmûntwerp foar it 'Fryske leger' dat keunstner Auke de Vries makke by gelegenheid fan Simmer 2000.
Alle oerheidsynstellingen wiene foarhinne neffens de provinsjes opdield, lykas de Arbeidsfoarsjenning, de Belestingtsjinst, Energy- en Wetterfoarsjenning, it Kadaster, de Keamer fan Keaphannel, de Keuringstsjinst fan waren, Rykswettersteat of it Steatsboskbehear. Dat gau ek yn de private sektor. It iepenbier ferfier, de lânbou, suvel- en fakbûnsorganisaasjes, neam mar op, allegear hiene se har provinsjale organisaasje. Ek oare yn de provinsje oanwêzige foarsjennings, lykas in eigen symfony-orkest, ûnderwiisbegeliedingstsjinst, sûnenssoarch foar dieren, agintskip fan de Nederlandsche Bank of ynspeksjes fan it ûnderwiis en folkssûnens, binne opgien yn in grutter ferbân. Alles fuort, neat bleaun.
Keamer fan Keaphannel
It is pynlik om te sjen hoe't Fryslân-as-ienheid yn rap tempo fierder ûntmantele liket te wurden. En dêr it gefoel by te hawwen dat der gjinien is dy't der wat oan docht, mei de fûst op tafel slacht en nee! seit wannear't it noch kin. De gong fan saken by de fúzje fan de Keamers fan Keaphannel yn Noard-Nederlân wurde wy net fleurich fan. It wie it safolste bewiis hoe slûch en sleau bestjoerders en belangegroepen omgean mei de Fryske organisaasjes.
De fúzje waard fan boppen ôf oanmoedige troch 'Den Haach' mar as de minsken yn Fryslân fan de miet ôf oan sein hiene dat dy fúzje foar Fryslân net hoegde - de Fryske KfK wie fierwei de guodkeapste en grutste fan de trije Keamers yn it Noarden, stie ticht by de doelgroepen en krige hege wurdearringssifers - hie it net bard. As de KfK yn Alkmaar (Kop fan Noard-Hollân) selsstannich bliuwe kin, wêrom dy yn Ljouwert dan net? 'Friesland'/'Fryslân' is in sterk en werkenber merk dat in protte ekonomyske wearde hat (lykas Friesland Bank, De Friesland Zorgverzekeraar en no ek de nij te foarmjen multinational Friesland Campina sjen litte), en it is ûnbegryplik dat de minsken dy't de KfK-fuzje mei Grinslân en Drinte bejoechheiden net yn de rekken hân ha dat elke opheffing fan in provinsjale organisaasje de wearde fan dat merk oantaast. De irony fan de skiednis wol dat de Fryske Keamer by syn oprjochting yn 1847 de earste yn Nederlân wie dy't in folsleine provinsje as wurkgebiet besloech. Dat waard doe sjoen as eins in te grutte skaal.
Wat der noch oan sit te kommen
De fúzjeweach is noch net foarby. By Polysje en Wetterskip wurdt tocht oan fierdere skaalfergrutting. Fan net minder grut belang is de situaasje yn it HBÛ. Ljouwert is de haadfestiging fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, fan de Christelijke Hogeschool Nederland en fan hegeskoalle Van Hall Larenstein; de lêste is nau ferbûn mei de lânbou-universiteit fan Weinum. De CHN is oant no ta lytser as de NHL. Fierdere skaalfergrutting yn it HBÛ kin gjinien foarwei, om studinten sa goed mooglik opliede te kinnen, om deeglik ûndersyk dwaan te kinnen en om gear te wurkjen yn regionaal ekonomysk ferbân. It is foar Fryslân en Ljouwert yn it bysûnder tige wichtich dat NHL en CHN de lapen gearsmite. In earste stap nei fúzje wie de foarnommen gearfoeging fan de fasilitêre bedriuwen fan de beide hegeskoallen; dy gearfoeging waard lykwols om foar de bûtewrâld ûndúdlike redenen op it lêste stuit ôfblaasd.In toarn letter waard bekend makke dat de CHN mei yngong fan 1 jannewaris 2008 fusearje sil mei Hogeschool Drenthe (ca. 2500 studinten). De nije ynstelling hat dan, as men de studinten oan de bûtelânske festigingen meitelt, sawat likefolle studinten as de NHL (ca 10.000).
Wat foar pokerspultsje wurdt hjir spile? Wat is de strategy fan de CHN om tarist te wêzen op de takomst? Mient de CHN by in fierdergeande gearfoeging yn it Fryske HBÛ nei de fúzje mei de Hegeskoalle Drinte mear easken stelle te kinnen? Robert Veenstra, bestjoersfoarsitter: 'De NHL is een mooi meisje. Maar we hebben niet het gevoel dat we daar nu verkering mee willen' (LC 8 juni 2007) en letter: 'Een fusie is op dit moment niet aan de orde' (LC 20 juni 2007). Mar wat as de moaie faam dy't de NHL hjit te wêzen begjint te skareljen met de twa kear sa grutte Hanzehogeschool yn Grins? Meie je fan in ûnderwiisynstelling as de NHL, dy't him nammers profilearje wol as in 'Regionale universiteit van toegepaste wetenschap' (LC 5 novimber 2007), wol ferwachtsje dat dy rekken hâldt met it belang fan Fryslân?
It tryste foarbyld is fansels de miste kâns op in fúzje tusken ABN Amro en ING yn maart 2007. Doe waard de kâns ferskiten dat Nederlân, en Amsterdam yn it bysûnder, in wichtich finansjeel sintrum wurde soe mei de byhearrende spin-off foar heechweardige tsjinstferliening en foar it wittenskiplik- en heger beropsûnderwiis. Itselde kin op ûnderwiismêd barre yn Fryslân mei de NHL en de CHN, ta grutte skea fan de provinsje en syn haadstêd.
Provinsje
De skaalfergrutting bekrûpt ek de bestjoerlike ienheid fan Fryslân sels. It koarke dat sa út en troch it mooglike heil-en-segen fan ien noardlike provinsje besjongt is noch lyts, mar it is dochs fan en ta te beharkjen. Nuvergenôch binne it krekt de fan komôf Grinslanners dy't it barre mei boargemaster te wêzen yn Fryslân, dy't de solo-parijen foar har rekken nimme. Hayo Apotheker, noch mar krekt ynstallearre yn Ljouwert, makke yn de simmer fan 1994 buorkundich dat de trije noardlike provinsjebestjoeren uterlik 2000 fusearje moatte soene. Syn kollega Bertus Fennema fan Skiermûntseach sammele yn 2001 acht arguminten foar in fúzje. En yn de earste moanne fan 2007 gie Bert Middel, boargemaster fan Smellingerlân, yn de pleit foar it opheffen fan de trije noardlike provinsjes mei yn it plak dêrfan ien grut berstjoersorgaan. Middel heakke dêr oars oan ta dat de trije provinsjes op kultureel mêd wol selsstannich bliuwe moasten. Yn reaksje op Middels opmerkings skreau Pieter de Groot yn de LC fan 2 febrewaris 2007 dat de provinsjes yn feite te lyts wurden binne. In sterke bestjoerlike koepel soe foar de no noch ôfsûnderlike provinsjes foardiel opleverje kinne. Hy ferfolge mei de konstatearring dat 'gruttere bestjoerskrêft fansels de identiteit fan de provinsje net oantaast'. Boppedat soe ek neffens De Groot oan ien of oare foarm fan kulturele autonomy tocht wurde kinne. Fjirtjin dagen letter merkte er noch in kear yn syn rubryk 'Dwers' op dan ien noardlik bestjoersorgaan gjin oantaasting fan de eigen identiteit fan de trije provinsjes hoecht te betsjutten. Der soe sels mear each en begryp foar elks eigenheid ûntstean kinne. Jawis, yn teory is in protte mooglik, mar dy't it Fryske heil ferwachtet fan Grinzer bestjoerders moat wol hiel wat skiednis oan kant sette. Is soks oars útsoarte net in foarm fan modern absenteïsme: Net allinne it ferhúzjen fan de ekonomyske machthawwers, mar de polityk-bestjoerlike ek noch ris in kear gean litte? De Groot sjocht gjin kwea yn it opjaan fan it lytse bytsje bestjoerlike selsstannigens dat wy hjir noch hawwe en dat boppedat in wêzentlik elemint is yn it bestean fan Fryslân. Mar wannear't Yslân en Lúksemboarch foldwaande ynwenners hawwe om as in ûnôfhinklike steat bestean te kinnen, soe Fryslân mei it dûbele tal ynwenners dan te lyts wêze om as provinsje te funksjonearjen? Relevanter as in twistmûlkerij oer ynwennersoantallen liket ús oars in diskusje oer de taken fan de provinsje as bestjoerslaach. Weromgean nei de kearn fan de saak, nammentlik in ynspirearjende en koördinearjende regy-funksje fan de Fryske oerheid, soe in stap foarút betsjutte kinne.
Betrutsenens
Dit moat net in kleisang wurde. Wy wolle benammen synjalearje. De maatskiplike skaalfergrutting is in net te kearen realiteit. Boppedat leit de skaalfergrutting oant no ta ek oan de basis fan de taname yn woltier dy't de provinsje sûnt de jierren sechstich trochmakke hat. Noch nea earder hawwe de ynwenners fan Fryslân it ommers ekonomysk sa goed hân, sa goed wenne, sa'n kultureel oanbod realisearre of foarsetten krigen, sa'n opliedingsnivo en mobiliteit berikt of sa'n goede medyske soarch hân. Mar dat allegearre hat syn priis yn ferlies oan ienheid, eigenheid en gearhing. Dat kin men fêststelle en dan sizze fan 'no sa', of men kin der op syn minst útrop- en fraachtekens by pleatse. De feroaringen kinne stilswijend en yn slûge sleauwens ûndergien wurde of de alternativen en de mooglikheden kinne mobilisearre wurde. Fryslân moat yn ús optyk mear wêze as allinne mar in etiket, in logo yn de merk of in gevel dêr't de globalisearring achter realisearre wurdt. De Fryske takomst is op syn minst tsjinne mei in yndividuele en maatskiplike betrutsenens, en mei in deeglike basis yn it eigen ferline.
Goed hûndert jier lyn wiisde it mei Fryslân yn ekonomysk opsjoch net bêst. Doe wiene der minsken mei fisy en trochpakkersgeast dy't de koöperative beweging opsetten. Dêrmei joegen se it sosjaal-ekonomysk libben fan Fryslân in oantrún dy't de hiele tweintichste ieu troch de ekonomyske struktuer fan ús provinsje bepale soe. Ien fan har wie Theo van Welderen baron Rengers. Op de Frouwepoartsdwinger yn Ljouwert stiet sûnt 1955 in stânbyld om him te betinken. Op de achterkant fan de sokkel kin men lêze:
Yn neare tiden hawwe jo oan Fryslâns takomst leaud
Jo wiisden nije wegen, hawwe dy mei ús bigien
En skoander is hwat jo hjir bouden. Duorsumer as stien
Is dat it folk jins namme earet en jo tankber bliuwt.
Litte de tiden no net 'near' mear wêze, mar leauwe yn de takomst fan Fryslân en it wizen fan nije wegen is wol op 'en nij ferlet fan. Quo vadis, Fryslân?
Taheakke: Absenteïsme
'Het vroor toen ik het woord voor het eerst hoorde.' Sa begjint Simon Vestdijk syn roman Ierse nachten. De lêzer krijt dêrnei oardel side lang neat te hearren oer dat wurd – der hinget in taboe omhinne – mar dan stelt it haadpersonaazje de fraach wat 'ôfwêzich' is. Sa wurdt it tema fan de roman yntrodusearre: it absenteïsme. Dat is yn de skiednis fan Ierlân ien fan de kaaibegripen om de ûnderwerping fan de Ieren oan de Ingelske hearskippij oan te tsjutten. It ferwiist nei it feit dat de lânhearren yn Ierlân oer it generaal yn Ingelân wennen, en de opbringsten fan har lânbesit ynvestearren en konsumearren yn Ingelân sels. Dat wie kwealik foar de ekonomyske ûntjouwing fan Ierlân en wie in bydrage oan de trochgeande earmoede, emigraasje en negatyf selsbyld fan de befolking. Boppedat waarden de wichtige besluten oer de takomst fan Ierlân oarsearne nommen.
Op de earste 'Dag van de Friese literatuur' yn Amsterdam, yn novimber 2001, die Geert Mak it iepeningswurd. Hy priizge Fryslân as 'it Ierlân fan Nederlân', as it stikje Nederlân mei it heechste gehalte literatuer de kante meter, sis mar. Dat hearde moai, hiel moai. Mar ek op oare mêden hie Mak gelyk, want, hoewol oars as yn Ierlân, koe Fryslân ek absenteïsme. It moat nammers wol sein wurde dat Ierlân nei 1990 in geweldigen ekonomyske ûntjouwing meimakke hat, dy't it lân fan it earmste yn de EU feroare hat yn sawat it rykste.
© Koninklijk Fries Genootschap / de auteur
Dit artikel hoort thuis op de website van het Koninklijk Fries
Genootschap. Verdere verspreiding van dit artikel is niet toegestaan zonder uitdrukkelijke
toestemming van de auteur en / of het Koninklijk Fries Genootschap.