Ut: De Vrije Fries 45 (1962), pp. 150-154.
Gysbert syn „silveren tandstoockelaer”
Ds. J.J. Kalma
Yn syn moaije boek „Der Zahnstocker und seine Geschichte” freget dr. Hans Sachs, of
William Shakespeare lest hawn hat fan pyn yn 'e mûle. Hij komt ta dy foar in toskedokter
oars net fremde fraech, om't der yn it wurk fan de greate Ingelskman sa folle praet wurdt oer
de „toothpick” (de toskepluzer).
Sa soene wij ek freegje kinne, hoe't it der yn Gysberts mûle útsjoen hat. Yn
syn „Suwnerlinge forhanlinge ....” (Wurken 1936, p. 280) seit er ommers, dat wij
minsken faek dogge „az dy jinge aeaeck dy de heele wycke ynne dwelm roan habbe to kiermjen,
mar asse de hân-maester kommen sieane om dy uwt to luwcken, nin tosckseertme meer
fielle”. Dochs is dit iennichste plak, der't Gysbert fan pyn yn 'e mûle praet
en de „Suwnerlinge forhanlinge” is ek noch in oersetting. Yn it origineel fan Philippe
de Mornay wurdt praet fan „ceux qui toúte la semaine auront couru les mes du mal de
dents et, quand ils voyent le barbier qui la vient arracher, n'ont plus de douleur” (Dr.
C. Kramer - Gysbert Japicx as oersetter en biwirker, Assen 1943, p. 163). As in
„biwiisplak” is dy útspraek dus net to brûken.
Der is lykwols al in reden om to skriuwen oer de toskepluzers, dy't yn Gysberts tiid
brûkt binne. Wij fine n.l. yn de ynvintaris fan de dichter (fgl. Kalma - G. J., p. 228)
ûnder it sulverguod in „silveren tandstoockelaer” neamd. It is nijsgjirrich nei
to gean, hoe't dy dingen yn 'e 17de ieu brûkt binne en hoe't se der út
seagen.
Fansels, it bisykjen om it minsklik gebyt to forsoargjen en, as it koe, to bihâlden is al heel
âld. Forskillende toiletartikels komme yn 'e âldheit al foar en wurde faek mei
inoar neamd. Foaral de kombinaesje toskepluzer, earleppeltsje en burdtankje fine wij faek neamd.
Hja sitte ek wol yn in étui. Der binne ek ynstruminten om de nellen to forsoargjen (fgl. Max Ebert
- Reallexicon der Vorgesichte XIV, p. 481, ek Tafel 14c). J. Marquardt - Das Privatleben der
Römer (Leipzig 1879, p. 756) fortelt ús, dat de âlde Romeinen al kunsttosken
hienen. M. Val. Martialis en Petronius neame de toskepluzer.
Yn 'e Midsieuwen hearre wij fan dy dingen folle minder. Langetiid gie it bij it iten frij
rûch om en ta, oant der yn 'e 14de en 15de ieu bisocht wurdt in bytsje fetsoenliker to
iten. Der komme (p. 151) dan „tafelwetten”, der't de lju fan
de wrâld har wiisheit út helje. Yn sokke wetten wurdt b.g. leard, dat men it mes net
brûke mocht om de tosken skjin to meitsjen. Ek de tonge doogde der net ta. It spielen fan de
mûle mei wyn wie goed en ek it ôfwriuwen fan de tosken mei sealje, sâlt of
alún. Yn de 15de ieu komt ek it gebrûk fan de toskepluzer wer op. Lang hie men
dêrta it hout fan de mastik-beam brûkt, mar nou sjogge wij moaije toskepluzers fan
sulver en strak goud yn gebrûk kommen.
Dy toskepluzers skine der noch al ynfallen to wêzen - it gebyt fan de lju, dy't in bulte
fleis ieten, wie ek net sa bêst - wij hearre to minsten al gau protesten. Yn de tafelwetten
fan de Neurenburger Hans Sachs wurdt ús forteld, dat it net goed is (ûnder iten) yn
'e noas om to plúzjen of to folle yn 'e tosken to sitten. Erasmus, dy't ek noch
al hwat goede winken jown hat, forbiedt it peuterjen mei mês, fingers of servet. Hij
seit:
...... „men doe het met de punt
eens tandenstokers, aan het einde wel gedund,
het sy van mastikhout of afgesneden pennen,
of scharpe beentjes, 't zij van haanen of van hennen.”
(Van de borgerlijke wellevendheid der kinderlyke zeden in vaersen gebracht door Michiel Romans
(Amsterdam, 1693), in oersetting fan De Civilitate morum puerilium, 1530).
De minske fan de lette Midsieuwen en de Renaissance libbe hwat oars as wij, Yn goed en yn kwea
liet er himsels gean en bijnammen bij iten en drinken kaem dat út. Sa sjogge wij al gau de
lju iepentlik mei har toskepluzers omtyspeljen. Der wurdt forteld fan de ingelske reverend Dr.
Bois, dy't yn 1550 berne wie en 83 jier âld wurden is, dat er frij folle oandacht joech
oan hygiène. Fan him sei men „after meat, he was careful, almost to
curiosity in picking and rubbing his teeth, esteeming that a special preservative of
health” (Shakespeare's England 1950, II, p. 142). Hja meitsje dy toskepluzers ek
sa moai mooglik fan sulver of goud, mei edelstiennen ynlein. Dr. Sachs jowt it byld fan in fornaem
jonkman, dat Alessandro Oliveiro yn it bigjin fan de 16de ieu skildere hat, en nou to Dublin
biwarre wurdt. De jongkeardel hat in prachtige toskepluzer oan in ketting om 'e hals.
Dit wurdt yn 'e 16de ieu regel. Foaral yn Frankryk waerd de gewoante tige hiem (ca. 1590).
De toskepuzer bihearde ta de útris fan de man fan de wrâld. Moaije waerden om 'e
hals droegen en gewoane hie men sa mar yn 'e mûle. Bikend is it forhael fan (p. 152) de admirael de Coligny, de skoanheit fan Prins Willem I, dy't as
Hugenoat yn 1572 formoarde waerd. Lyk as in modern Amerikaen mei syn stikje kaugom roun hij mei in
toskepluzer yn 'e mûle. Hij die dat yn 'e fjildslach en ek bij feesten oan it hof.
De moardners hawwe dêrom ek in toskepluzer yn 'e mûle fan it skeinde lyk
set!
Op portretten út de 16de ieu fine wij dy „curedent”, „toothpick”,
„tantstoocker” faek ôfbylde. Wij founen skilderijen fan Lucas Cranach, Berhard
Strigel, Conrad Faber en Lorenzo Lotto, der't sa'n foarwerp of in soartgelikens op
ôfbylde wie. Faek brocht men kombinaesjes fan earleppeltsje, toskepluzer en jachtfluitsje.
Soms is der ek noch in segelstimpeltsje bij. Allegearre dingen dus, dy't yn it deistich libben
brûkt waerden (fgl. Pantheon 1930, p. 575; 1931, p. 2; 1939, p. 23; 1941, p. 76, 276).
Nijsgjirrich is it, dat it yn safolle opsichten efterlike Fryslân hwat dit oangiet tige goed
meikomme koe. Wij fine op it skilderij fan Goffe fan Roorda, dat Adriaen van Cronenburg makke hat
(1547) (fgl. Dr. A. Wassenbergh - L'art du portrait ...., XII) in toskepluzer, mar ek op de
portretten fan Syds fan Botnia (1575) (Wassenbergh o.w., LVII), fan Johan Tjaerda van Starkenborgh
(1595) (Wassenbergh o.w., LXXXII) en fan Haring fan Sytzama (1603) (Wassenbergh o.w., LXIX). De
kombinaesje mei in earleppeltsje of mei in stel ringen komt faker as ienris foar. Men kriget de
yndruk, dat de gewoante om sa ôfbylde to wurden foaral hjir yn it Noarden libbe hat. It
Grinzer Museum hat portretten fan Enno van Diepholt en syn wiif Johanna Ripperda van Winsum
(1595), dy't ek beide in toskepluzer sjen litte. Yn Hollân fine wij sokke skilderijen
lang sa folle net (fgl. it portret fan Joannes Muys van Holy út Dordt (A° 1572, Muller
2461).
Dat sokke foarwerpen foar deistich gebrûk hwat eigens hienen kinne wij ek sjen yn it kistke,
dat bij it ôfbrekken fan Tjaerdastate to Rinsumageast (1834) foar it ljocht kaem (biwarre yn
it Frysk Museum). Wij fine hjiryn forskate dingen (û.o. toskepluzers, earleppeltjes) fan de
yn de 17de ieu útstoarne slachten Hermana en Tjaerda. Hja binne wierskynlik opburgen,
om't de brûkers forstoarn wienen, en men net hawwe woe, dat hja yn forkearde hannen
foelen (fgl. Leeuw. Courant 1951, 19 Mei).
Om 1600 hinne binne de toskepluzers oeral yn West-Europa yn gebruk. Utsein de moaije eksimplaren
droegen de lju har yn 'e mûle. Oan tafel setten se de foarwerpen yn it dessert. De
tosken waerden skjinmakke, foart de fruchten iten waerden. Eallju (p. 153) en
hja, dy't der graech foar trochgienen, hienen lykwols pluzers út edel metael makke. Yn
Breêro's Spaansche Brabander (r. 1590) seit Jeronimo: „Tsa Moeschaatje (= jonge)
geeft may mayn gulde tinde-stoocker.”
Yn Ingelân skynt de gewoante om moaije „toothpicks” to brûken letter
opkommen to wezen en sa komt it, dat Shakespeare de „toothpick” faek sjocht as it
biwiis, dat immen op it kontinent reizge hat en dat er gewoonten hat, dy't yn „merry old
England” noch net sa sear libben. De man fan de wrâld droech in
„toothpick” oan in ketting om 'e hals, en hij brûkte ek in sulveren foarke
bij it iten (Shakespeare's England 1950, I, p. 18). Dat waerd oanstellerij achte. Yn
„Much ado about nothing” (II, I, r. 274) freget Benedict oan Don Pedro, om der op
út stjûrd to wurden nei de oare ein fan de wrâld ta. Hij sil dan in toskepluzer
helje út it fierste hoekje fan Asië. Yn „A Wintertale” (IV, 4, 780) hearre
wij, dat in harder Autolycus in heech man fan it Hôf achtet. Dat er der hwat fremd
útsjocht is krekt in biwiis, dat er in tige fornaem persoan is. Ek de wize fan brûken
fan de toskepluzer falt op (fgl. ek King John I, 1, r. 190; All's well .... I, l, r. 171; III,
2, r 8).
Yn de 17de ieu brûkten de lju, dy't op reis gienen en net mear Genôch hienen oan
in mês of heechstens in leppel en in mês, wol kombinaesjes fan in leppel en in foarke,
dy't gearflapt en dan yn in étui oan 'e gurdle droegen waerden. Yn it boek fan C.T.P.
Bailey - Knives and Forks (London .... 1927, tig. 60) fine wij sa'n kombinaesje fan foarke,
leppel en toskepluzer, dy't oan 'e riem yn in étui droegen waerd. De skriuwer tinkt
dat de kombinaesje Flaemsk is en datearret op likemôch 1600. Hubert Stierling jowt yn syn
boek „Der Silberschmuck der Nordseeküste ....” (Neumünster i. H. 1935, p.
152) in bistekkoker mei earleppeltsje en toskepluzer („Zahnhaken”), dy't er ek op
1600 datearret.
Yn ienfâldige, boargerlike formiddens en bij lju, dy't net folle reizgen, kamen sokke
kombinaesjes net foar. Yn de ynvintaris fan Gysbert fine wij „11 tafelborden”,
itensboarden dus, nei alle gedachten noch fan hoút. Der is fierder yn 'e keuken
„een lepelbord met acht lepels”. Wij fine wol „een vorckjen” en „een
vleijsvorck” en dan noch „14 silveren lepels”, „3 eyerlepels” (ek
fan sulver), „een rood lepel met silver beslagen”. Foarken om to iten komme net foar
en wij moatte oannimme, dat yn it gesin fan de dichter mei mes en leppel iten waerd. De „23
seruetten” en „40 handoecken” sizze yn dit forbân ek eat. (p. 154)
Hoenear hat Gysbert de „tantstoockelaer” brûkt? Wij soene tinke wolle oan
mieltiden bûten hûs yn it 17de ieuske Bolswert. Yn alle gefallen kaem de
„tantstoockelaer” dan mei. Thús hat er it misskyn dien mei hoútsjes fan
'e mastikbeam1 of mei in stik guozzefear. Hij
wie op it lêst ek skoalmaster. Mar brûkt hat er de toskepluzer wol.
De Súdnederlanner Carel Baten (Carolus Battus), in dokter, Dy't yn 'e 2de helte fan
de 16de ieu libbe, hat in „Secreetboek vol heerlijcke konsten” mei alderlei recepten
skreaun, dat yn 1664 en 1694 to Ljouwert printe is. Hij wie hjir dus bikend. Faeks hat men hjir
dus ek witten fan in foarskrift, dat er yn syn Medicynboek (1589) jown hie: „Ghy en sult
niet laten, naer den eten, altijdt de Tanden reyn te maken, met eenen Tantstoker, ende daernae den
Mondt met Wijn wt te spoelen.” Der kin master Gysbert him ek oan hâlden, hawwe. It wie
in âld recept, dat ek yn folle earder tiid al foarkomt. Gysbert-en-dy brûkten fleis.
Wij fine bij him op solder „een vleysvat” en moast „Samuel Haringhouck
boeckverkoper” bij Gysberts forstjerren net 10 g. 9 st. en 8 p. hawwe, „voor een syde
koevlees”? Wij fine yn syn ynvintaris gjin wynglêzen neamd, mar in pear
„brandewynbeeckers” binne der al. Fan de man, dy't wiste „de miette iz
dioer” (Wurken p. 50) en dy't in drankslij soan hie, is net to forwachtsjen, dat er in
bulte brûkt hat, mar wij meije oannimme, dat er foar it iten of dêrnei efkes preaun
hat en, sa't men yn syn dagen noch die, de mûle omspield.
Hoe't dy „tantstoockelaer” fan Gysbert der út sjoen hat witte wij net.
Misskyn kinne wij tinke oan in foarwerp as it sulveren earleppeltsje mei toskepluzer (lang 8,3 cm,
gewicht 7 gram), dat út in terp to Makkum foar it ljocht komd is (Fr. Mus. ynv. nr. 1195c),
mar de namme út de ynvintaris wiist yn 'e rjochting fan in losse
„tantstoockelaer”.
Lit ús hoopje, dat Gysbert bij al syn fortriet der oan 'e ein ta gebrûk fan makke
hat en dat er net de jeld kend hat, sa't Haytse-Yem dy tekent (Wurken p. 52, 169-175), mei in
„muwlle sonder Tosken”!
1) Fgl. S. A. Gabbema - Friesche lustgaarde. Leeuw. 1686, p. 75.
© Koninklijk Fries Genootschap / de auteur
Dit artikel hoort thuis op de website van het Koninklijk Fries
Genootschap. Verdere verspreiding van dit artikel is niet toegestaan zonder uitdrukkelijke
toestemming van de auteur en / of het Koninklijk Fries Genootschap.