De Vrije Fries
It wittenskiplik jierboek De Vrije Fries (sûnt 1839) wurdt útjûn troch it Frysk Genoatskip yn gearwurking mei de Fryske Akademy.
De ynhâld bestiet út wittenskiplike artikels en mear essayistyske bydragen op it mêd fan de Fryske skiednis, keunst, literatuer en argeology. As it mooglik is wurdt de Fryske stof yn in bredere kontekst behannele.
Kopij is altyd wolkom!
Redaksje
De redaksje fan De Vrije Fries bestiet op it stuit út: Piet Bakker, Johan Frieswijk, Derk Jansen (skriuwer), Goffe Jensma (foarsitter), Otto Knotnerus, Gilles de Langen en Han Nijdam (einredaksje).
Redaksjeadres
Redaksje De Vrije Fries
p/a Fryske Akademy
Postbus 54
8900 AB Ljouwert