Skiednis
It Frysk Genoatskip is yn 180 jier útwoeksen fan in besletten deftich Genoatskip ta in iepen ferieniging mei leden út alle lagen fan 'e befolking. De doelstellings fan it Genoatskip binne lykwols sa goed as net feroare.
It „Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en
Taalkunde” waard yn 1827 oprjochte troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk
Fontein (foto rjochts), trije hearen út de hegerein. It Genoatskip soe him dwaande
hâlde mei it bestudearjen fan de Fryske kultuer yn al syn aspekten. „Werkende
leden” hâlden har yn ôfsûnderlike ôfdielings dwaande mei de
taalkunde, de âldheidkunde, de skiednis en de aktuele tastân van de provinsje.
Fierders lit it Genoatskip sûnt 1839 De Vrije Fries útkomme, yntusken ien fan de
âldste noch besteande tydskriften yn Nederlân.
De leden wennen yn de begjintiid meastentiids yn de stêd, hiene faak studearre en kamen
trochstrings út de adel of de boargerlike hegerein. Yn har fermidden wiene in tal rike
samlers, dy't it Genoatskip begeunstigen mei grutte legaten. De samling keunstfoarwerpen
dy't sa fergarre waard, joech de oanset ta de „Grote Historische Tentoonstelling”
dy't yn 1877 troch it Genoatskip organisearre waard. Dy ústalling waard troch
tsientûzenen besocht. In grut sukses, ek yn jildlik opsicht. Mei de opbringsten koe it
Eysinga-hûs kocht wurde, dêr't yn 1881 it Frysk Museum ûnderbrocht waard.
Benammen de Hylper stylkeamer dêr (foto lofts) hiene resinsinten in soad wurdearring
foar.
As eigener fan it Frysk Museum en útjouwer fan De Vrije Fries wie it Frysk Genoatskip oant fier yn de tweintichste ieu de wichtichste wittenskiplike ynstelling yn de provinsje. Dêrby dienen de (net betelle) „werkende leden” wichtich ûndersyk en joegen de risseltaten dêrfan by it Genoatskip út. Troch de tanimmende professjonalisearring fan de skiednis- en kultuurwittenskippen feroare dat lykwols. Sa kaam de yn 1938 oprjochte Fryske Akademy as in professionele ynstelling njonken it Genoatskip yn bedriuw. En hoewol't der wolris wat kompetysje tusken beide ynstellings west hat, kaam it al fluch ta gearwurking. Sa wurdt De Vrije Fries sûnt diel 42 (1955) yn gearwurking mei de Fryske Akademy útjûn.
De professjonalisearring yn de museumwrâld hie ek gefolgen. It Frysk Museum waard yn 1970 ûnderbrocht yn in aparte stichting. Under mear omdat it Genoatskip de eksplosyf oprinnende leankosten net mear betelje koe. Om 1970 hinne feroare der noch mear by it Genoatskip. Likernôch yn deselde tiid waarden de statuten nei de easken fan de tiid bysteld en waard De Vrije Fries fan in flottere opmaak foarsjoen. Boppedat waard fan 1969 ôf it luftiger Fries Museum Bulletin útjûn. Wichtige stappen yn in ûntjouwing dy't sûnt de Twadde Wrâldkriich stadich oan fierder giet: it omfoarmjen fan it Genoatskip fan in frij sletten nei in iepen ferieniging. In ferieniging dy't him net allinne rjochtet op de ûndersiker mar ek op de gewoane belangstellende.
Yn de ôfrûne lytse fjirtich jier hat de modernisearring fan it Genoatskip him fierder fuortset. It publykstydskrift Fryslân hat yn 1995 it Fries Museum Bulletin opfolge en sûnt 2002 beheart it Genoatskip dit webstee. Yn it lêstneamde jier, in jubileumjier, krige it Genoatskip ek in nije namme. Boppedat ferliende keninginne Beatrix it Genoatskip it predikaat 'Keninklik'. De offisjele namme is no 'Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur / Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer'. De namme is sa krekter en de twatalige oantsjutting docht mear rjocht oan it karakter fan de provinsje dêr’t it Genoatskip fêstige is.