Algemien
Nijs
Publikaasjes
Sykfunksje | Taalkar

Skinkings en legaten

It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer wurdt droegen troch goed 1500 leden. Dat is hiel wichtich. De kontribúsje-ynkomsten meitsje it Keninklik Frysk Genoatskip mooglik om twa tydskriften út te jaan, ekskurzjes en lêzings te organisearjen en stipe te jaan oan ûnderskate doelen op it mêd fan it Genoatskip. Mar ekstra stipe is altiten nedich en fan herten wolkom, kultuer freget net altiten, mar wol hiel faak om jild.

Njonken it lidmaatskip, kinne jo it wurk fan it Keninklik Frysk Genoatskip ek stypje mei help fan in jefte, periodike skinking of troch ús feriening yn jo testamint op te nimmen.

Jeften en skinkings

It ienris jaan of skinken komt it faakst foar. In skinking kin altiten dien wurde. Sa’n bydrage oan it Keninklik Frysk Genoatskip kin yn begjinsel fiskaal ôflutsen wurde. Dat jildt as de jeften mear as 1% fan it net suver ynkommen (mei in minimum fan € 50,-) en net mear as  10% fan datselde ynkommen binne.

In periodike skinking is ek mooglik. Foar periodike skinkings jilde de hjirfoar neamde beheinings net. In periodike skinking moat wol yn in notariële akte fêstlein wurde. Jo meitsje sels út hokfoar bedrach jo alle jierren skinke wolle, yn in perioade fan op syn minst fiif jier lang. Under betingst dat de hiele skinking op syn minst de kosten dekt, nimt it Keninklik Frysk Genoatskip de oanbelangjende notariskosten foar syn rekken.

Opnimmen yn jo testamint

Net allinne by libben, mar ek nei ferstjerren is it mooglik om it Keninklik Frysk Genoatskip te stypjen.

Erfstelling

By in erfstelling beneame jo it Keninklik Frysk Genoatskip  ta (mei)erfgenamt. Dat bart mei help fan in testamint, dat jo troch in notaris opstelle litte.

Legaat

Foar it neilitten fan in legaat moatte jo ek kontakt mei jo notaris opnimme. Der wurdt dan notarieel fêstlein wat jo oan it Keninklik Frysk Genoatskip neilitte wolle. Dat kin in jildbedrach wêze, mar bygelyks ek in (ûn)replike saak.

It Keninklik Frysk Genoatskip  is - as erkend goed doel - gjin skinkings- of suksesjerjocht ferskuldige. Jo skinking of erfenis komt sadwaande folslein - sûnder it ynhâlden fan belestingen en kosten- te’n goede oan it wurk fan it Keninklik Frysk Genoatskip  of in troch jo neier oan te jaan dêrmei gearhingjend doel.

It oanwizen fan it Keninklik Frysk Genoatskip ta begeunstige organisaasje yn in testamint of akte is minder yngewikkeld as jo mooglik tinke. Freegje gerêst jo notaris.

It seit himsels dat jo foar mear ynformaasje ek, mei de mail, skriftlik of telefoanysk, kontakt opnimme kinne mei ien fan de bestjoersleden fan it Keninklik Frysk Genoatskip of it sikretariaat fan ús feriening:

It Keninklik Frysk Genoatskip
t.a.f. mefrou Hilda Dekkinga
Turfmerk 11
8911 KS Ljouwert
Telefoan: 058-2555500
E-mail: fries.genootschap@friesmuseum.nl

Mei skinkings en neilittenskippen kriget it Keninklik Frysk Genoatskip  mear finansjele earmslach. Dat makket it mooglik om projekten út te fieren dy’t oars net mooglik wêze soenen. Bygelyks museale oankeapen, it (mei) mooglik meitsjen fan útstallings en boekútjeften en it dwaan fan ûndersyk. Mei jo stipe drage jo lykwols foaral by oan de kontinuiteit fan ien fan de âldste ferienings fan Fryslân!