Harm Nijboer1

Ljouwert, 25 augustus 1656. Assuerus van Vierssen skriuwt in tige emosjonele brief oan syn lytse bern. Hy hopet dat, as de bern letter it lêzen leard hawwe, hja troch dit brief in byld krije kinne fan harren heit. Van Vierssen is nammentlik deabenaud dat er meikoarten weirekket, „... daar het den Almachtigen Godt belieft heeft, dese onse provincie, en particulierlyck dese Stadt te besoecken met de vierige sieckte der Pestilentie, waar deur wij dagelijcks voor onse oogen sien, dat veel van ons bloetverwanten, nabuiren, goede bekenden en onbekenden uyt het Lant der levendigen worden wechgerukt”.2 It brief blykt net nedich west te hawwen, want Van Vierssen is sa lokkich en bliuwt yn libben. Gâns oaren stjerre lykwols al oan de pest. De dichter Hardomans út Ljouwert skriuwt yn it selde jier: „d'Engel des verderfs slaet neder in het hondert”.3
Yn 1656 gie de pest dus yn Ljouwert om. It brief fan Van Vierssen tsjûget op in persoanlike en emosjonele wize fan it drama dat him doe yn'e stêd ôfspiele hat. Fansels sit der in stikje tafal yn, dat dit egodokumint bewarre bleaun is. Van Vierssen wie ommers net de iennichste dy de epidemy meimakke, en it wie net foar it earst noch foar it lêst dat de pest him yn'e stêd oppenearre. Yn it tiidrek 1350-1666 hawwe der ûnderskate jierren west dat hast eltse Ljouwerter sibben en/of kunde oan de pest kwytrekke. It hoecht ús net te fernuverjen dat de gefolgen fan sa'n grutte stjerte rûnom yn it maatskiplik libben te fernimmen wienen. Alle reden dus om ris fierder te sjen nei de rol dy de pest yn it ferline fan'e Fryske haadstêd spile hat.
Dizze bydrage oer de pest yn Ljouwert stiet net op himsels yn'e historiografy. De lêste jierren is der yn in stikmannich stúdzjes omtinken jûn oan de skiednis fan dizze sykte yn Nederlân, en yn it bûtenlân wurdt al langer, en mear oer dit ûnderwerp skreaun. Dizze stúdzje hat it beskieden doel om de pest in plakje te jaan yn'e skiednis van Ljouwert, en om sadwaande in oanfolling te jaan op'e besteande literatuur oer histoaryske demografy, medyske skiednis en kultuurskiednis fan Ljouwert - en yn in grutter ferbân Fryslân. Mei dit doel foar eagen sil besocht wurde om in antwurd te jaan op'e folgjende fragen: Hokker jierren wie der pest yn Ljouwert? Wat wiene de demografyske gefolgen dêrfan? En: Wat wie de ynfloed fan it omgean fan'e pest op it maatskiplik en persoanlik libben fan'e Ljouwerters?

De sykte

Ofb. 1. Pestpasjint.
Pestpasjint: houtfyk om 1550 hinne. De letters jouwe de plakken oan dêr't pestbûden har oppenearje.

Hoewol't wy yn Europa by de pest meastentiids oan in fier ferline tinke, lit de pest him yn oare parten fan'e wrâld noch altiten sjen. De pestepidemy yn India ferline jier is hjir in foarbyld fan. Mei't de pest him noch altiten oppenearret hat de moderne wittenskip al hiel wat oer sykte en besmetting ûntdutsen, mar ek frijwat is noch ûndúdlikheid en/of ûnienichheid oer. Ik sil hjir koart de haadsaken fan'e gongbere ideeën werjaan.4
De pest wurdt troch in baktery, de Yersinia pestis, feroarsake. De sykte utert (s. 62) him it earst ûnder rotten. Rotteflieën bringe de pest fan'e rotten op'e minsken oer. Nei in ynkubaasjetiid fan ien oant seis dagen komt op it flieplak in swarte swolm, in karbonkel. Twa as trije dagen letter begjinne de lymfeklieren te swollen en foarmje bûden. As it goed giet moatte dy ferksynsels nei acht as njoggen dagen ferdwine, oars slacht de swolderij oer op it ynwindige en stjert de pasjint gleonhyt fan'e koarts oan in bloedfergiftiging. De groep pasjinten dy genêst mei't de pest him ta de útwindige ferskynsels beheint, is frij grut, likernôch 30%, faaks mear. Oan'e oare kant is it ek mooglik dat de konsintraasje bakteriën sa grut is dat útwindige ferskynsels harren net oppenearje, en dat fuort it ynwindige oantaaste wurdt. Dizze njonkenfoarm fan'e bûdepest wurdt septyske pest of bloedpest neamd.
Neist de niisneamde haadfoarm fan'e pest, de bûdepest, is der noch in foarm, de longpest. Longpest kin yn tsjinstelling ta de bûdepest wol direkt fan minske op minske oerbrocht wurde fia in fliberynfeksje 5 (lykas by ferkâldheid). Nei in ynkubaasjetiid fan ien oant trije dagen oppenearje de earste symptomen harren. Hoewol't de pasjint hast net koartsich is, slacht it hert der 120 de minút, en krijt er lêst fan stekken en pauwen yn'e side. Dêrnei komme der problemen mei it sykheljen en mei de senuwen, folge troch koma en ta einbeslút de dea. Longpest is tige besmetlik en hat sûnder behanneling hast altyt de dea as gefolch. Lokkigernôch is longpest ek hiel seldsum. De meast foarkommende foarm fan'e pest is bûdepest. Utsein de Swarte Dea, de grutte pestgoarre dy't tusken 1347 en 1352 yn Europa omgie, hat yn ús streken (nei alle gedachten) allinne de bûdepest hearske.
Wichtiger noch as it ûnderskie tusken long- en bûdepest is foar de rest fan dit artikel it ûnderskie tusken epidemysk en endemysk. At wy it oer de pest hawwe is dat meastentiids yn konnotaasje mei epidemy. De lêste tiid hawwe ûndersikers der lykwols mei klam op wiisd dat de pest fan likernôch 1400 oant 1668 (mei inkelde ûnderbrekkings) yn Nederlân endemysk wie.6 De pest wie yn dit tiidrek dus altyt wol oanwêzich. Allinne yn beskate jierren woeks it tal slachtoffers fan'e sykte sa oan dat der fan in epidemy sprake wie. Dizze epidemieën koene lanlik, mar ek regionaal of lokaal wêze.
Mei help fan'e moderne medyske wittenskip kinne wy de pest presiis definiearje as de sykte dy feroarsake wurdt troch de Yersinia pestis. Yn earder tiden wie dat fansels oars. In protte boarnen wurdt it wurd pest dan ek yn brûkt foar oare pleagen dêr't in protte deaden by wiene.7 Boppedat wurdt de pest faken oantsjutten mei termen as: „de vierige sieckte”, „de plaeg”, „de Gave Gods”, „de Slaende Engel”, ensfh. De histoarikus dy't him mei de pest dwaande hâldt moat dus hoeden wêze.

Pestjierren

Hokker jierren wie der no sprake fan in pestepidemy yn Ljouwert? In folslein antwurd op dy fraach is spitigernôch net te jaan. It boarnemateriaal lit soks net ta.8 Allinne foar de santjinde ieu kin in tink frij folslein oersjoch fan pestjierren gearstald wurde mei't der foar dy tiid in oaniensletten rige besluten fan it stêdsbestjoer bewarre bleaun is. Foar de sechtjinde ieu ûntbrekt soks, en moatte wy us behelpe mei stikken fan it stedsbestjoer dy't 'tafallich' bewarre bleaun binne, en mei fynsten yn oare boarnen. De fjirtjinde en fyftjinde ieu is it noch slimmer mei steld. Foar dit tiidrek wiene der hielendal gjin boarnen werom te finen kinnen dy't gewach meitsje fan pest yn Ljouwert. Inkelde pestjierren foar hiel Fryslân binne lykwols al bekend. Yn'e jierren 1349-'51; 1360; 1369; 1400; 1420 (neamd wurdt East Fryslân); 1422; 1431 (neamd wurdt Weidum); 1441 en 1494 moat de pest yn (grut!) Fryslân hearske hawwe.9 (s. 63)
In oersjoch fan pestjierren yn Ljouwert moat him dus beheine ta de sechtjinde en santjinde ieu. Alle pestjierren dêr't literatuer en boarnen gewach fan meitsje, kinne lykwols net kritykleas yn dit oersjoch opnommen wurde. De ûnderfining leart dat benammen yn literatuer en sekundêre boarnen fan in protte jierren melde wurdt dat de pest doe yn Ljouwert hearske, wylst dat net it gefal wie. Sa kinne de jierren 1587-'88, 1609, 1619, 1627, 1637, 1652 en 1655 nei in krityske skôging net langer as pestjierren oanmurken wurde.10 Hjirby moat al sein wurde dat it trochskrassen fan dizze 'pestjierren' lang net altiten sizze hoecht dat der yn dy jierren hielendal gjin pest yn Ljouwert wie. It is sels goed mooglik dat de pest doe al endemysk yn de stêd oanwêzich wie. Oanwizingen of bewizen dat der yn dy jierren fan in epidemy sprake wie, binne der foarearst lykwols net.
De niis trochskraste 'pestjierren' binne dúdlik werom te fieren op flaters en ferkearde ynterpretaasjes. It is lykwols net sa dat de oare pestjierren dêr't melding fan makke wurdt, sûnder mis yn it oersjoch opnommen wurde kinne. It ferskaat fan tûkelteammen dat hjirby yn it paad stiet, lit ek net ta om dizze jierren yn in tabel wer te jaan. Dêrom is der foar keazen om dizze hjir jier foar jier te behanneljen.

It âldste stik dat gewach makket fan pest yn Ljouwert, is in charter út it argyf fan it St. Anthony Gasthûs, datearre 14 maaie 1517.11 Aelthie Wythiezoen docht mei dit stik foar sân inkelgûne ôfstân fan syn rjochten op twa pûnsmiet greidlân. Dit lân is troch syn dochter Ayll, dy't yn it St. Anthony Gasthûs oan'e pest stoarn is, oan it gasthûs fertestaminte. Pest yn Ljouwert dus, mar wannear? It stik sels komt út de earste helte fan it jier, wylst pestepidemieën meastentiids yn'e twadde helte fan it jier foarkomme. Boppedat is dit stik in bekrêftiging fan it testamint fan Ayll. It ferstjerren van Ayll en it opmeitsjen fan dit charter sil dus in setsje tusken sitten hawwe.12 Ayll is neffens my dan ek yn it jier der foar, yn 1516, stoarn. In oare oanwizing hjirfoar is dat yn dat jier de pest yn hiel Noardwest Europa bot omgie.13 Wy kinne lykwols net útslute dat de tiid tusken it ferstjerren fan Ayll en it opmeitsjen fan it charter noch langer duorre hat. 1515 is ek goed mooglik, yn dat jier gie de pest nammentlik ek yn Warkum en it Hasker Konvint om.14
Joh. van Lyauckama skriuwt yn 1525 in brief oan syn neef Gerolt van Heerema dat er om'e pest net yn Ljouwert.15 Hoewol't der sa op it earst gjin reden foar twivel is, moatte wy dochs hoeden wêze. Yn de jierren tweintich fan'e sechtjinde ieu gie namentlik ek noch in oare pleach om yn'e Nederlannen, de Ingelske switsykte. Mooglik is dizze sykte hjir ek pest neamd.16 1532 is ek ûndúdlikheid oer, mar dan om in oare reden. Yn dat jier feardigt George Schenk, de steedhâlder, namentlik in ordonnânsje út, dêr't yn steld wurdt „... dat de haestige sieckte oft pestilencie an allen oeren van desen Lande nu regnerende is...17 Oeral, en dus ek yn Ljouwert? Boarnen dy hjir mear dúdlikheid oer jouwe, wiene spitigernôch net werom te finen.
Dat de pest yn 1538 yn Ljouwert omgie blykt út it Ljouwerter recesboek fan dat jier.18 Tenminsten at it hjir yndied om'e pest gie. Eggerik Benninga (1490-1562) dy dizze 'pestgoarre' yn East Fryslân meimakke, skriuwt oer „eene groote geschwinde krankheit ... in den anfang quam se mit eener kolde, daer sloech dan de bloetgang to, men achtede de selvige kranckheit der pestilentie gelyck, jedoch sturven nicht veel luede.”19 Dus gjin pest soene we hast tinke. De symptomen dy Benninga beskriuwt komme lykwols al oerien mei dy fan'e pest. It lytse deadetal is ek gjin oertsjûgend argumint om oan te nimmen dat it hjir net om'e pest gie. It is goed mooglik dat de pestbaktery net alle jierren like firulent west hat.20 Twivel is lykwols net fuort te nimmen. (s. 64)
Yn 1564 feardiget de steedhâlder, doe Johan de Ligne, wer in skriuwen oer de pest út. Dit kear wurdt warskôge foar in kwea slach minsken, dat momme as studinten, klerken, kreamers ensfh. troch it lân omswalket om oeral dêr't se mar kinne minsken en hûzen oan te stekken mei de pest, „die alreede, soe wy verstaen, binnen desen Landen eenighen oirden aensenckt ende ontsteecken is”.21 In lyksoartich skriuwen foar alle Nederlannen gie yn it selde jier út fan'e lânfâdes, Margareta van Parma.22 De Ligne hat hjir nei alle gedachten in eigen fersy fan makke. De Landen dêr't hjir oer skreaun wurdt, binne dan ek alle Nederlannen en ynformaasje oer pest yn beskate plakken wurdt boppedat net jûn.23 Ut dit stik opmeitsjen dat de pest yn Ljouwert of sels yn Fryslân omgie, soe dus suvere spekulaasje wêze! Wat spekulaasje oanbelanget komme wy ek foar it oare jier, 1565, yn it ferlied. Yn dat jier komme stêdsbestjoer en St. Anthony Gasthûs oerien dat de nijboude beier yn it earste plak brûkt wurde sil foar it fersoargjen fan boargers dy't in besmetlike sykte ûnder de lea hawwe. At der gjin besmetlike sykte yn'e stêd hearsket kin de beyer brûkt wurde om reizgers in sliepplak te bieden.24 Wie der no pest yn 1565, of is hjir sprake fan reek sûnder fjoer? In antwurd op dizze fraach is foarearst net te jaan. It oare jier, 1566, gie de pest al om yn Snits. It Ljouwerter stêdsbestjoer ferbiedt dan om dy reden alle ferkear en hannel mei dy stêd.25 Oft dizze maatregel ek fertuten dien hat, wurde wy lykwols net gewach.
De pestjierren 1576, 1581-'83 en 1602-'03 is mear dúdlikheid oer. Ut dizze jierren binne maatregels fan it stêdsbestjoer tsjin it omgean fan'e pleach bekend.26 De jierren om 1625 hinne is wer ûndúdlikheid oer. 1625 is troch Schroor as pestjier oanmurken.27 Schroor konstatearret oan'e hân fan doop- en trousifers foar dat jier in demografyske krisis yn Ljouwert. Mei't de pest yn 1625 bot yn Hollân omgie, ornearret er dat dizze demografyske krisis troch de pest feroarsake waard.28 Yn'e boarnen wie lykwols nearne gjin melding werom te finen fan in pestepidemy yn Ljouwert yn 1625. Omdat pestgoarren har yn ûnderskate plakken hiel ûngelyk ûntjaan koene, bin ik fan betinken dat der foarearst gjin bewiis is foar in pestepidemy yn Ljouwert. Dizze miening wurd ik yn sterke mei't it patroan fan'e demografyske krisis fan 1625 net typysk foar in pestjier is. De krisis oppenearret him allinne yn'e doopsifers en net yn'e trousifers. Dit komt (sa't wy aanst sjen sille) net oerien mei it patroan dat wy yn pestjierren wiernimme.
Hielendal wis kinne wy der lykwols net fan wêze dat de pest yn de jierren om 1625 hinne net yn Ljouwert omgie. Der binne namentlik inkelde oanwizings de oare kant út. Foar 1623 wurdt der melding makke fan pest te Frjentsjer.29 En yn 1624 is der sprake fan in pestmaster yn Ljouwert.30 Dizze Abraham Gabbes is dan lykwols al 75 jier. It is dus goed mooglik dat er yn de jierren 1576, 1581-'83 of 1602-'03 dizze funksje hie, en dat er letter de bynamme pestmaster hulden hat. It is ek mooglik dat it pestmasterskip in permaninte funksje wie yn ferbân mei endemyske oanwêzichheid fan'e pest. Hawar, dizige oanwizings binne der wol, mar oertsjûgend bewiis foar in pestepidemy om 1625 hinne is der foarearst net.
Yn 1635 en '36 wurde der troch it stêdsbestjoer maatregels nommen tsjin de pest. Dat is yn 1656 wer it gefal.31 Ut oare primêre boarnen fernimme we dat de pestepidemy yn desimber '56 hast hielendal oer wie, mar dat er yn de earste moannen fan '57 wer oanwoeks.32 Yn 1664 gie de pest al bot om yn Hollân en ek yn guon plakken yn Fryslân (û.o. Makkum en Drylts), mar yn Ljouwert bleau er beheind ta inkelde hûzen.33 1664 kin wat Ljouwert oanbelanget dan ek net as in echt pestjier oanmurken wurde. Foar 1666 leit dat oars, want doe wie de magistraat wer warber mei maatregels tsjin it omgean fan'e pleach.34 (s. 65)

Hokker gefolgen hat dizze boarnehifkerij no foar it oersjoch fan pestjierren yn Ljouwert? Oan de jierren dêr't wy wis fan binne dat de pest yn Ljouwert omgie (1576, 1581-'83, 1602-'03, 1635-'36, 1656-'57 en 1666), kinne wy mei in lyts fraachtekentsje tafoegje de jierren 1516 (mooglik 1515), 1525 (mooglik Ingelske switsykte ynstee fan pest) en 1538 (mooglik oare sykte). Faaks heart 1532, doe't de pest oeral yn Fryslân hearske, der ek by, mar om't spesifyk bewiis foar Ljouwert ûntbrekt, is dizze der útlitten. Bewiis ûntbrekt ek foar 1564-'66 en de jierren om 1625 hinne. Mooglik dat wy troch fierder ûndersyk of tafallige fynsten by oar ûndersyk mear dúdlikheid krije kinne. Dat hjirby ek noch oare pestjierren ûntdutsen wurde, is boppedat ek goed mooglik.

Demografyske gefolgen

It tal deaden wie net yn alle pestjierren gelyk. Presize deadentallen binne lykwols net sa maklik werom te finen. In befolkingsregister wie der yn dizze tiid noch net, en begraafboeken fan'e tsjerke of it stêdbestjoer binne foar dit tiidrek, wat Ljouwert oanbelanget, ek net bekend. Hoewol't de magistraat yn 1635 en 1656 besleat dat it tal begraffenissen registrearre wurde moast, binne mooglike registers hjirfan net bewarre bleaun.35 Wy binne sadwaande ôfhinklik fan sifers dy't tafallich oerlevere binne. Dit is foar mar trije jierren it gefal: 1603, 1636 en 1656.

Van Buijtenen dielt út it deiboek fan Bernardus Furmerius (1542-1615) mei, dat yn 1603 njoggenhûndert Ljouwerters oan'e pest stoaren.36 Betrouberheid fan dizze meidieling falt alles net oer te sizzen. It moai rûne sifer tsjut der al op dat it net bjuster presiis is. Boppedat soenen der neffens Furmerius yn Snits twatûzen oan'e pest stoarn wêze. Likernôch de helte fan'e befolking! Nei alle gedachten in nul tefolle. De njoggenhûndert foar Ljouwert is lykwols net bjusterbaarlik heech, en boppedat frijwat krekter as tûzen. At wy dit sifer omsette yn in stjertesifer komme wy op in hiel (s. 66) skaplike 82‰ út.37 Sels at de njoggenhûndert fan Furmerius allinne de pestdeaden binne, en de gewoane stjerte (nei skatting 30 à 35‰)38 soe hjir noch by opteld wurde moatte, is dit sifer foar in pestjier net bjuster heech. Stjertesifers yn Hollânske stêden yn pestjierren skommelje tusken de 40 en 250‰.39
Neffens Van Leeuwen waarden der yn 1636 yn Ljouwert „ettelijke weken lang bij en over de 200 doden begraven”.40 At der op it hichtepunt sa'n twahûndert deaden yn'e wike wiene, sil de hiele epidemy neffens my sa'n twatûzen libbens easke hawwe.41 At wy de befolking op trettjin tûzen skatte, dan komme wy op'e rûs oan in stjertesifer fan likernôch 150‰.42 Presiis is dit sifer perfoarst net, in aardige yndikaasje jout it al. Foar 1656 is it ek net mooglik al te krekt te wêzen. Agatha van Starkenborg (1620-1670) skriuwt yn in (net datearre) brief oan har soannen dat der yn 1656 op it hichtepunt fan'e stjerte 278 lju yn'e wike te Ljouwert begroeven waarden, en dat it tal begraffenissen op it stuit dat se de brief skriuwt sakke is nei 163.43 In oare brief skriuwt se yn oer ien dei mei tachtich begraffenissen. Sa't it liket hat de stjerte yn 1656 likernôch like slim west as tweintich jier earder, dat hjir kin it stjertesifer ek op sa'n 150‰ roaid wurde.

De gegevens oer de stjerte ûnder de totale befolking binne, sa't wy sjoen hawwe, net folslein en ek net bjuster betrouber. Foar sifers oer de stjerte yn it weeshûs44 is lykwols in bettere boarne beskikber. Hoewol't wy no bettere sifers foar in lytsere groep hawwe, tsjinnet him hjirmei fuort in nij probleem oan. Is dizze groep represintatyf? Nee fansels. It giet hjir ommers om in groep jonge lju, dy ek nochris by mekoar yn ien gebou wenje. Boppedat wie it wenst dat ien dy't doe't er noch libbe it weeshûs op de ien of oare wize stipe hie, by syn begraffenis op in staasje fan wezen rekenje mocht. Yn it tiidrek 1636-1656 binne der sa'n twahûndert begraffenissen troch wezen bywenne.45 Faaks wiene hjir ek begraffenissen fan pestdeaden by. It is lykwols net wis of der hjirtroch in gruttere kâns op besmetting wie. De earstneamde beswieren (jong en yn ien gebou) dogge lykwols al genôch ôf oan'e represintativiteit. Dit wurdt nochris befêstige troch sifers foar it Amsterdamse weeshûs. Yn 1602 stoar dêr 400‰ fan'e wezen oan'e pest, wylst de stjerte ûnder de totale befolking fan Amsterdam 100 oant 200‰ wie.46
De niisneamde boarne is in nammelist fan'e wezen.47 Dit register is mei begûn yn 1652. Op'e earste siden stean de nammen fan'e wezen dy't yn dat jier yn it weeshûs wennen, en op'e oare siden stean de nammen fan'e wezen dy't nei dy tiid yn't weeshûs kommen binne. By in mannich wezen is boppedat oantekene dat hja tidens harren ferbliuw yn it weeshûs stoarn binne. Hjirby is ek nochris ûnderskie makke tusken pestdeaden en oare deaden. Sa wennen der yn maaie 1652 74 jonges yn it weeshûs. Dêr stoaren der yn'e rin fan'e tiid 13 of 15 fan,48 en fan dizze 13/15 stoaren der fjouwer oan de pest. Op it selde stuit wennen der 49 famkes yn it weeshûs. Dêr stoaren der 14 fan. Fan dizze 14 stoaren 11 oan'e pest. Yn it tiidrek (juny)1652-(ein)1666 kamen der 130 nije wezen by. Dêr stoaren der 30 of 31 fan. Fan dizze 30/31 stoaren der 22 of 23 oan'e pest. At wy no it tiidrek 1652-1666 nimme dan kinne wy konkludearje dat 22,5 oant 24,7% fan'e wezen yn'e rin fan'e tiid yn it weeshûs stoar. Mei in selde berekkening foar allinne de pestdeaden komme wy op 14 oant 15% út.49 Yn dit tiidrek is de pest dus sûnder mis deadsoarsaak nûmer ien yn it weeshûs.
Der is lykwols reden om oan te nimmen dat de pest benammen yn 1656-'57 yn it weeshûs omgie. Yn it earste plak binne alle wezen dy't oan'e pest stoarn binne, foar 1657 yn it weeshûs kommen. De wezen wiene op it stuit dat se yn it weeshûs kamen komselden jonger as fjouwer jier, en meastentiids sels in pear jier âlder. Omtrint harren sechtjinde moasten de wezen it weeshûs ferlitte.50 Nei 1652 giene (s. 67) der noch twa grutte pestgoarren yn Ljouwert om, yn 1656-'57 en 1666. Yn 1666 wie fierwei it grutste part fan'e wezen dy foar 1657 yn it weeshûs kommen wiene, sechtjen jier of âlder, en hie it weeshûs al ferlitten. De wezen fan dizze groep dy tidens harren ferbliuw yn it weeshûs weirekken, sille sadwaande nei alle gedachten ek foar 1666 stoarn wêze. Boppedat is fan in tal pestdeaden de datum fan ferstjerren jûn. De weesbern dêr't dat it gefal by is, binne stoarn tusken 18 oktober 1656 en 5 april 1657. Foar it neiste binne dus alle pestdeaden dêr't de nammelist gewach fan makket yn 1656-'57 stoarn. Ik nim oan dat it weeshûs yn 1656 wat mear ynwenners hie as yn 1652, en roai it ynwennertal op sa'n 135. Hjir stoaren der 45 of 46 fan oan'e pest. Dat betsjut dat in treddepart fan'e weesbern yn 1656-'57 oan'e pest stoar. At it totale ynwennertal te heech of te leech skatten is, sil it in pear prosint mear of minder west hawwe. Mei't der nei alle gedachten ek sprake west hat fan ûnderregistraasje sil it stjertesifer lykwols earder heger as dy 330‰ west hawwe.
Ut de rekken fan it skippersgilde docht bliken dat yn 1656 ek ûnder de skippers de stjerte útsûnderlik heech wie. Yn dat jier stoaren der 25 skippers, skippersfroulju en -widdowen.51 It totale oantal skippers, skippersfroulju en -widdowen sil sa'n twahûndert west hawwe.52 Sadwaande komme we út op in stjertesifer fan likernôch 125‰. Hoewol't de stjerte hjir minder grut is as ûnder de weesbern, kinne wy de skippers ek net sûnder mis represintatyf achtsje foar de hiele befolking. It is ommers goed mooglik dat hja troch harren wurk in grutter risiko rûnen om de pest ûnder de lea te krijen, en wichtiger noch is dat de stjerte ûnder de skippersbern him net utert yn dizze sifers.
Spitigernôch binne der gjin sifers oer de stjerte yn 1666 werom te finen. Under de wezen wie de stjerte yn dat jier opmerklikernôch net heger as gewoan. Fan de skippers en har froulju en widdowen stoaren der doe 22.53 Niisneamde beswieren (s. 68) oanbelangjende de represintativiteit litte ús lykwols net ta om hjir konklúzjes foar de hiele befolking oan te ferbinen. Yn alle gefallen oppenearret de pest him nei 1666 net wer yn Ljouwert. Nuver genôch stûket fan omtrint dy tiid ôf ek it oanwaaksen fan'e Ljouwerter befolking.54

Fansels hie sa'n grouwélich grutte stjerte yn pesttiden ek syn ynfloed op oare mêden fan'e demografyske ûntjouwing. De troch de stjerte ûntstiene lege plakken yn maatskippij en hûshâlden moasten wer opfolle wurde. Trouwen, bern krijen en migraasje wiene hjir de mooglikheden foar. Boppedat waarden houliken ûnder de driging fan'e pest troch guon útsteld en troch oaren wer earder sletten. It bertesifer (i.c. doopsifer) hie de pest ek ynfloed op. Guon oansteande memmen stoaren foar't se berne, en guon lytse poppen wienen kwealik in pear dagen ûnder de minsken en stoaren sûnder doopt te wêzen oan'e pest. Hoewol't sifers oer de stjerte yn Ljouwert yn de santjinde ieu lestich of net werom te finen binne, hawwe wy al sifers oer dopen en houliken fan 1603 ôf ta ús foldwaan. Dizze sifers binne koartlyn sammele, bewurke en publisearre troch Schroor.55 Migraasje hawwe wy spitigernôch gjin geskikte sifers oer ta ús foldwaan. De ynformaasje dy't hjiroer út'e Boargerboeken helle wurden kin, jout op syn heechst in byld oer'en langen doer.
Grafyk 1 jout de grifformearde doop- en trousifers fan 1630 oant 1670 wer. Yn dit tiidrek binne trije pestgoarren, yn 1635/'36, '56/'57 en '66. Alderearst moat oan'e hân fan dizze grafyk fêststeld wurde dat net eltse feroaring yn trou- of doopsifers troch de pest ferklearre wurde kin. Oare syktes as malaria en pokken en ekonomyske faktoren hawwe hjir ek ynfloed op hân. Om de pestjierren hinne sjogge wy twa reaksjes; in delklap by de dopen en in ferheging fan it tal houliken. De ferklearring hjirfoar is niis al jûn. Opmerklikernôch giet it tal houliken ûnder de pest net tebek, mar yn 1636 en '66 sels dúdlik omheech. Nei alle gedachten hat mannich spantsje ûnder de driging fan'e pest der foar keazen om mar sa gau mooglik te trouwen.56 Utstel fan houliken om'e pest kaam faaks ek wol foar, mar soks blykt net út dizze sifers. De útstelde houliken sille meastentiids noch oan'e ein fan it selde jier sletten wêze, at de pestepidemy hast hielendal oer wie. Agatha van Starkenborg skriuwt namentlik op alve desimber 1656: „Tot Lewerden trouwen de luiden nu haest al soo seer alst daer gestorven heeft”.57

Grafyk 1. Dopen en houliken Grifformearde tsjerke Ljouwert 1630-1670

Semi-logaritmyske skaal

Dopen en houliken, 1630-1670

Boarne: M. Schroor, 'Demografische ontwikkeling', taheakke 2 en 3.

Reaksys op'e pest

De maatskiplike gefolgen fan'e pest sille net om'e nocht west hawwe. Yn alle lagen fan'e (s. 69) befolking stoaren der lju oan'e pest. Grif wie de stjerte yn guon befolkingsskiften heger as yn oare, mar net ien skift wiene je feilich yn foar de pest. Fansels wie dizze stjerte net inkeld in op en del gean yn'e demografyske ûntjouwing. De slachtoffers wiene ommers ek ambachtslju, arbeiders, geastliken, keaplju of bestjoerders ensafuorthinne, of yn'e persoanlike sfear sibben of kunde. Mei't de pest sadwaande syn gefolgen hie op hast alle mêden fan it maatskiplik libben, binne Noordegraaf en Valk fan betinken dat de hiele maatskippij der troch út it ferbân slûn waard.58 Oare ûndersikers hawwe hjir lykwols tsjin ynbrocht dat de gefolchen fan'e pest, hoe slim se ek wiene, yn earder tiden net sa útsûnderlik wiene dat de maatskippij der troch út it ferbân rekke.59 It lêste wurd yn dizze diskusje sil lykwols noch wol net sein wêze, om't ûnderskate fyzjes op'e maatskippij ienriedigens oer it útgongspunt (it maatskiplik ferbân) yn it paad stean. Dêrneist sil eltse ûndersiker de feiten op syn eigen wize selektearje en ynterpretearje.
At wy yn it ramt fan dit fraachstik de situaasje yn Ljouwert yn 1656 beskôgje, dan bliuwe wy ek tusken twa gedachten hingjen. Oan'e iene kant fernimme we dat wyklikse rjochtsdei yn oktober fan dat jier om'e pest útsteld waard.60 De maatskippij waard troch de pest dúdlik ûntregele soene we sa hast sizze, mar oan'e oare kant hie de ekonomysk sa wichtige wykmerke blykber net bjuster te lijen ûnder de pest,61 en it tal reizgers dat mei de trekskûte fan en nei Ljouwert reizge, gie yn dat jier ek net tebek.62

Om mear begryp te krijen fan de ynfloed fan'e pest op it persoanlik en maatskiplik libben fan'e Ljouwerters, sil ik hjirûnder wat djipper yngean op de reaksys yn'e stêd. Fansels is de romte hjir te krap om it hiele skala oan reaksys op'e pest te behanneljen. Los dêrfan binne foar soks ek net genôch boarnen beskikber. Dêrom is der foar keazen út dit skala fan reaksys twa tema's neier te beljochtsjen: pest en leauwe; en de maatregels fan it stêdsbestjoer tsjin de pest.

Pest en leauwe

Mei't se yn earder tiden net wisten wat no krekt de oarsaak fan'e pest wie, hie mannichien it idee dat it hjir in direkt yngripen fan God oanbelange. „Door Goddelijcke bestuyringe ende voorsichtigheyt63 waard de pest stjoerd as straf foar sûnden en misstannen. Synonimen foar de pest as de „Gave Gods”, „de Slaende Engel” ensfh. tsjûge hjirfan. Gods grime wie net de iennichste ferklearring dy't ús âffaars foar de pest hienen. Kometen, bedoarne lucht, katte- en knynehier, kwea folk dat mei gif dwaande wie, ensfh. waarden ek beskôge as oarsaken of feroarsakers fan'e pest, mar neffens de measten siet hjir ek Gods hân efter. Hindrik fan Bra, dy genêshear te Ljouwert wie tidens de pestgoarre fan 1581/83, is hjir dúdlik oer: de primêre feroarsaker fan'e pest is God en de niisneamde oare oarsaken binne sekundêr, dat wol sizze ôfliede en ôfhinklik fan'e primêre feroarsaker, God.64
Dat leauwe waard troch de Reformaasje earder fersterke as ferswakke. Benammen foar rjochtsinnige kalvinisten kaam hjir in dilemma út fuort. As de pest Gods rjochtfeardige straf foar de minske is, wat meie je der dan tsjin ûndernimme? Moast de minske him dellizze by de troch God stjoerde ûnken en pleagen, en betrouwe op Gods leafde en genêde? Neffens guon wie dit yndied sa, en waard it nimmen fan maatregels tsjin de pest sjoen as it oanfjochtsjen fan in Godlik oardiel. Benammen yn'e hoeke fan'e Neiere Reformaasje fine we dizze fyzje werom.65 Dizze beweging wurdt troch Breuker oanwiisd as de dominante faktor yn'e Fryske Kultuer (mei in grutte K) fan'e santjinde ieu.66 It sil ús dan ek net fernuverje dat we de niis omskreaune fyzje ek yn ferbân mei de pest yn en om Ljouwert tsjin komme.
Yn it al earder oanhelle brief van Assuerus van Vierssen oan syn bern fine we dy (s. 70) fyzje ek werom. Bot troffen troch de gefolchen fan'e pest en deabenaud om sels meikoarten ek slachtoffer te wurden fan Gods Grime moannet er syn bern om yn libben, leauwen en maatskippij dochs f'ral it rjochte paad oan te hâlden. Hja kinne mar it bêste op de Foarsjennichheid betrouwe: „Toont ... in tegenspoeden en swarigheden, die U.E. in dese werelt als een Christen tot Saligheijt van de hant des heeren toegesonden (s. 70) worden, lydtsaamheijt en stantvastigheyt, gedinckende op de voorsienigheyts Godts, die u alles ten besten sal dirigeren, nemende deselve als tot nootwendige castidingen voor u sonden”.67 Mooglik noch dúdliker is Agatha van Starkenborgh. Sy skriuwt yn 1664: „...t'is of in Nedelant het geloof af neemt, en sij an die predestinaetie beginnen te vertwievelen, want in alle provintien meest het handelen op Amsterdam als andre suspeckte plaatsen verboden wort”.68
Ut it lêste sitaat wurdt al dúdlik dat lang net eltsenien dizze miening hie. In oare fraach dêr't yn dit ramt gjin ienriedigens oer wie is of it sin hie om te flechtsjen, en, at dat al sa wie, it ek tastien wie. De Fryske steedhâlder en syn famylje tochten yn 1656 fan al, en giene nei Hallum.69 Henningh-Geörgh van Andre tocht yn it selde jier blykber fan net, bleau te plak en stoar oan'e pest. Hardomans skriuwt yn it lykdicht op him: „Men schuylt, men vlucht vergeefs de GODDELYCKE handen”.70
Jitris dit 'fatalisme' waard net troch eltsenien beliden en troch guon sels bestriden. Hindrik fan Bra skriuwt bygelyks dat gjin ferstannich minske it nimmen fan medisinen tsjin de pest ôfwiist. Genêsmiddels ûntliene har wurking ommers ek oan de Godlike Almacht. In dúdlike analogy mei syn idee omtrint de oarsaken fan'e pest. De pil is by Fan Bra sadwaande al teologysk fergulde, en hy warskôget dan ek dat, hoewol it nimmen fan medisinen tastien is, allinne God jins lot besljochtet.71

Afb. 3. Lykdicht.
It lykdicht op Henningh-Geörgh van Andrè, dy't yn 1656 oan de pest stoarn is. Provinsjale Bibliotheek Ljouwert.

Maatregels fan it stedsbestjoer

Oant no ta hawwe wy allinne mar sjoen nei de reaksjes fan in pear ienlingen op'e pest yn en om Ljouwert. Der is lykwols mar in lyts tal boarnen dêr't tiidgenoaten harren persoanlik yn uterje oer de pest yn Ljouwert. Om mear begryp te krijen fan'e maatskiplike gefolgen fan'e pest moatte wy ek sjen nei it ferskaat fan maatregels dat it stêdsbestjoer tsjin de pest nommen hat. De troch guon preekte ferduldigens hie de oerheid blykber gjin betrouwen yn, want wannear't de pest omgie waarden der altyt maatregels nommen.72 Dochs wie der by it stêdsbestjoer gjin twivel oer de Godlike oarsaak fan'e pleach. Yn 1603 waard der in beadei útskreaun „omme Godt den Heere Almachtig vierichlyck te bidden dat hem gelieve, deur syne guedertieren barmharticheyt ende genaede ... te doen ophouden den voortganck van de contagieuse sieckte der peste”. En yn 1656 waarden de dûmnys moanne gebeden tsjin de pest te hâlden. Mear praktyske maatregels wiene der boppedat ek op rjochte om de oarsaken fan Gods lilkens fuort te nimmen. De maatregels dy't net fuort mei it leauwen te krijen hiene, wiene op trije haadsaken rjochte: previnsje, soarch foar de siken en soarch foar de deaden.
Alderearst woe it stêdsbestjoer graach foarkomme dat de pest Ljouwert berikke soe. Om hjir yn te slagjen waard gauris de hannel op plakken dêr't de pest omgie ferbean. Hjirby krige it stêdsbestjoer ek wol stipe fan'e provinsjale oerheid. Sa waard yn 1566 alle hannel en ferkear fan Snits op Ljouwert ferbean, om't de pest yn Snits omgie. Yn 1564 wie der in provinsjaal ferbod op'e hannel mei Danzig, en in ieu letter, yn 1664, moast de hannel tusken Fryslân en Amsterdam it belije.73 Benammen de hannel yn flaaks, himp, tekstyl, twaddehâns guod en fruit hie hjir bisûnder ûnder te lijen. By it fruit moatte wy f'ral tinke oan blauwe prommen, dy troch foarm en kleur wol wat op pestbûden lykje.
Fansels koe net altyd foarkommen wurde dat de pest de stêd berikte. Sadree't de pest him yn'e stêd oppenearre, waarden der maatregels nommen om fierdere fersprieding fan'e pest yn de stêd tsjin te gean. Pestlijers en harren hûzen moasten fansels ôfskerme wurde fan de sûnen. Finsters en doarren fan hûzen dêr't pestsiken yn wennen moasten ôfsletten wurde, en om kenber te meitsjen dat it in besmet hûs wie, waard der in boskje strie by de doar ophongen. It hûs waard as besmet beskôge oant seis (s. 72) wiken neidat de lêste pasjint út it hûs stoarn as genêzen wie. Dizze seis wiken (42 dagen) wie de wente letterlik yn karentêne. (Quarantaine is Frâns foar fjirtich dagen.)74 Yn dizze tiid mocht der gjin guod út it hûs ferhannele wurde, mocht de wente net oan'e strjitkant luchte wurde, en mocht it hûs net opnij ferhierd wurde. Lju dy yn in besmet hûs wennen, of dy der op besite west hiene, moasten harren op strjitte mei in wite roede kenber meitsje.
Op it mêd fan'e hygiëne waarden by in pestepidemy ekstra maatregels nommen, en de kêsten yn it stêdsrjocht dy hjir oer hannelen, waarden werris by de boargers yn it sin brocht.75 Eltsenien moast alderearst te húske- en te goathimmeljen. (Doedestiids seach men smoarge lucht nammentlik as ien fan de wichtigste oerbringers fan'e pest.) Fierders moasten de lju harren bisten fan'e strjitte hâlde. Benammen hûnen, katten en bargen tocht men fan datse de pest oerbrochten.76 Eangst foar besmetting kin wolris net de iennichste reden west hawwe. Nei alle gedachten wie men benauder dat losrinnende bisten it tsjerkhôf omwrotte, plunderje of fersmoargje soene.77 Fan hûnen is boppedat bekend dat it yn wêzen fleis- en lykfretters binne.78 Bijke, Fikkie en soartgenoaten krigen it yn pesttiden dan ek bot op'e bealch. Losrinnende hûnen waarden deaslûn, en om der foar te soargjen dat dit putsje goed dien waard, stelde it stêdsbestjoer yn 1581 spesjale hûnegiselders oan, dy foar elke hûn dy't se deasloegen seis stuorren krigen.

At de sykte ien kear goed omgie, krige it stêdsbestjoer ek noch de soarch foar siken en deaden op'e noed. Foar dit doel waarden spesjale amtners oansteld, de pestmaster en de pestdragers. Dêrneist krigen de sjirurgyns in risikotaslach. Yn 1635 hiene se fan dy taslach lykwols gjin ferlet, en woene se de pestsiken net helpe. Geastlike soarch mocht ek net ûntbrekke, en omdat de dûmnys it wurk yn 1656 net mear allinne oankoene waard der doe in ekstra siketreaster oansteld.
At se dat woene, koene de pasjinten opnommen wurde yn it pesthûs. Dizze ynstelling wie der benammen foar de earmen, en waard bekostige troch de earmbestjoeren. Boppedat krige it pesthûs nei alle gedachten ek it erfskip fan dyjingen dy't dêr stoaren. Earst yn'e twadde helte fan'e sechtjinde ieu komme wy in soarte fan pesthûs tsjin. Yn 1565 komme St. Anthonygasthûs en stêdsbestjoer oerien dat de nijboude beier yn it earste plak brûkt wurde sil foar de ferpleging fan lijers oan in besmetlike sykte. Allinne at der gjin besmetlike sykte yn'e stêd omgie mochten reizgers yn'e beier oernachtsje.79 Oft de beier ek as pesthûs brûkt is, bliuwt ûndúdlik.80 At de pest yn 1576 yn Ljouwert omgiet wurdt blykber net de beier as pesthûs brûkt, mar binne der pestkeamers ynrjochte by it Jakobijner kleaster. Foar dy tiid moatte dizze pestkeamers der ek al west hawwe.81 Dizze pestkeamers wurde by de grutte pestepidemy om 1581 hinne wer brûkt, mar wiene net tarikkend foar it grutte tal siken. Mei't de stêd yntusken nei de kant fan'e Reformaasje oerstapt wie, kamen der lykwols in pear gebouwen frij, dy foar de opfang fan pestsiken brûkt wurde koene: it Jakobijner kleaster en de Nijehouster tsjerke, dy troch de protestanten net geskikt achte waard foar de preek. De Hoekster tsjerke waarden boppedat ek noch pestlijers yn ferplege. Dizze ompielderij mei needopfang foar pestsiken sil it stêdsbestjoer faaks fan'e needsaak fan in fêst pesthûs oertsjûge hawwe. Yn 1583 kriget it frijsteande wask- en sikehûs fan it Jakobijner kleaster dizze bestimming. De trije earmbestjoeren, dy yn 1582 de kleasterbesittings krigen hiene, krigen it behear op'e noed. Yn 1611 wurdt in nij pesthûs boud op it plak dêr't no it Nije Stêdsweeshûs stiet.82
Ferpleging moatte wy ús net al te folle by foarstelle. De genêskunde út dy tiid die tsjin de pest gjin fertuten. Wûnderdrankjes, it iepensnijen of it ôfbaarnen fan pestbûden en oare wûndermiddels waarden foarskreaun, mar brochten gjin genêzing.83 (s. 73) Faken wie it de dea dy ferlossing brocht. It tal begraffenissen koe yn pesttiden dan ek bot oprinne. Yn 1656 wie der ien dei dat der tachtich wiene. Om de begraffenissen kreas en oarderlik ferrinne te litten, naam it stêdsbestjoer hjir ek maatregels foar. Benammen yn de santjinde ieu wie de oerheid op dit mêd warber. It doel wie twaliddich. Alderearst moast foarkommen wurde dat de pest him fierder ferspriede mei't de deaden net mei de nedige soarchsummens begroeven waarden, en sadwaande in besmettingsboarne wiene. Fierders besocht men Gods lilkens te betwingen troch de begraffenissen kreas, oarderlik en f'ral neffens de regels fan'e nije religy ferrinne te litten. In skieding is lykwols net altyt like maklik te meitsjen en de santjinde ieuwer sil ek grif gjin skieding makke hawwe.
De begraffenissen moasten fansels sa gau mooglik nei it ferstjerren plak hawwe. De deaden moasten binnen in etmel yn'e kiste lize en binnen trije dagen begroeven wêze. Deaden dy fan bûten de stêd kamen, moasten sels fuort fan'e wein of it skip nei it grêf brocht wurde. De lyken moasten fansels net allinne de grûn yn; se moasten dêr ek bliuwe. De deagravers krigen ynstruksje om de grêven goed djip te graven en goed ta te meitsjen. Hja moasten der ek foar soarchje dat de tsjerkhôven skjin en op oarder bleauwen, en der op tasjen dat der gjin bisten op omrûnen, en dat de lju haer genoegh der net op dienen. Spultsjes op it tsjerkhôf as „Kaetsen, Steen-werpen in de Glasen, Bal-slaen, Cloot-schieten, Cooten en steuten met Back-beesten” moasten se ek sjen foar te kommen. Om tsjin te gean dat de begraffeniskosten ûnder de pest te heech oprûnen waarden de leanen fan'e deagravers en de prizen fan'e deadsfetten troch it stêdsbestjoer fêst steld.
Begraffeniswizânsjes moasten it yn de maatregels fan it stêdsbestjoer ek belije. De motiven hjirfoar binne net altiten like dúdlik. Yn 1666 wurdt it de froulju bygelyks ferbean om mei te gean nei begraffenissen. Oan iene kant sil hjir de winsk fan de magistraat yn meispile hawwe om de gearkomsten by begraffenissen sa lyts mooglik te hâlden, mar de striid tsjin de 'Roomske' begraffenistradysjes hat hjir grif ek meispile.84 It selde jildt foar de ferboaden út 1636 en 1656 om de deadsfetten fan frijfeinten en frijfammen mei kroantsjes, blomkes en oare pronksels te fersieren. Gearkomsten om sokke pronksels te meitsjen wiene fansels ek ferbean.85

It stêdsbestjoer hat tink al syn bêst dien om'e pest foar te kommen. Oft de maatregels altyt fertuten dien hawwe, meie we lykwols mei reden oan twivelje. De measte maatregels waarden earst nommen as de pest al yn'e stêd omgie, en kennis fan de krekte oarsaak en besmettingswize fan'e sykte hie it stêdsbestjoer ek net. Boppedat waard der mei de measte maatregels bot yngrepen yn it sosjaal en ekonomysk hanneljen fan'e Ljouwerters. Oare maatregels beheinden de rouwenden te bot yn'e ferwurking fan it ferlies. Lang net alle boargers hulden har dan ek oan'e troch it stêdsbestjoer útfeardige foarskriften.
As yn 1538 Pieter Vleyshouwer syn frou oan'e pest stjert, wegert Pieter syn hûs ôf te sluten. It stêdsbestjoer jout him dus in boete, mar hy bliuwt wegerjen, en in hegere boete wol ek net helpe. As de stêdsboade foar de fjirde kear by Pieter komt om him jitris oan te moanjen en te driigjen mei in noch hegere boete, antwurdt Pieter dat er, al moast er in boete fan tûzen gouden gûnen betelje, syn hûs noch net slute soe.86 Pieter hat net de ienchste west dy't him ferset hat. In stikmannich kear komme we it ferbod tsjin om de strieboskjes by de doarren fan besmette hûzen fuort te heljen. Ut'e resolúsjeboeken fan'e magistraat fernimme we dat de froulju yn 1666 tsjin it ferbod yn dochs mei te begraven giene. Guon oare maatregels sil it nei alle gedachten net oars by west hawwe. Jildlik belang en tradysjes giene faken net lyk op mei de winsken fan'e magistraat. (s. 74)

Beslút

Yn de 16e en 17e ieu hawwe der ferskate pestgoarren yn Ljouwert west. It is spitigernôch net mooglik te efterheljen hoefolle pestjierren der presiis yn dit tiidrek west hawwe. Fjirtjen jierren binne we min of mear wis fan dat de pest yn'e stêd omgie, mar nei alle gedachten hawwe der mear pestjierren west. Boppedat hawwe der ek jierren west de pest him wol yn'e stêd oppenearre, mar dat de sykte net ta in epidemy útwoeksen is. (bgl. 1664) Sa't it liket is Ljouwert yn dit tiidrek net slimmer of minder slim troch de pest troffen as like grutte stêden yn Hollân.87
It forniel dat 't tjerck-hoaf dong't mei Lijcken”. Sa omskreau Gysbert Japiks de pest yn syn beriming fan Psalm 91. Makaber mar wier. De stjerte koe yn pestjierren oprinne oant hast fiif kear heger as ornaris. Yn lytsere rûnte koe de klap sels noch hurder oankomme. De stjertepiken wiene lykwols mar tydlike ûnderbrekkings yn'e demografyske ûntjouwing. Op'e ûntjouwing op'e lange doer hie de pest hast gjin ynfloed.
Rûnom yn it maatskiplik libben wie de ynfloed fan'e pest te fernimmen. De reaksys yn Ljouwert op'e pleach wiene net wêzenlik oars as yn oare parten fan Nederlân.88 Puntige konklúzjes binne wat dit oanbelanget net te lûken. Mar at der ien reaksy útljochte wurde moat, dan is it dy hast net te beskriuwen eangst. Want eangst wie der - we tinke jitris oan it brief fan Van Vierssen. En eangst foar de pest bleau noch lang bestean. Noch yn novimber 1771, mear as hûndert jier nei de lêste pestepidemy, soarge de pest foar panyk yn Ljouwert. It gerucht gie doe dat in mei de pest besmet skip troch Fryslân farde.89

We binne oan'e ein kommen fan dizze lytse skiednis fan de pest yn Ljouwert. In skiednis dy net typysk Ljouwerters is. Hie in oare stêd it útgongspunt west, dan hie it ferhaal nei alle gedachten net wêzenlik oars west. It doel fan dizze stúdzje wie ek net om Ljouwert in plakje te jaan yn'e skiednis fan'e pest, mar om de pest in plakje te jaan yn'e skiednis fan Ljouwert. Yn it boppesteande is tinkt my dúdlik makke dat fan'e lette midsieuwen ôf oant it midden fan'e santjinde ieu de hieltyt weromkommende pestgoarren in grutte ynfloed hiene op it libben yn Fryske haadstêd. De skiednis fan Ljouwert yn dit tiidrek is yn mannich opsicht in 'successtory', mar al ien mei in swarte râne fan al dy eangstige jierren dat de Slaande Ingel om de Aldhou gie.


 

NOATEN

Ofkoartings:
GAL, Gemeenteargyf Ljouwert
RAF, Ryksargyf yn Fryslân

1) Dit artikel is in bewurking fan Doe was thio grathe plage. De pest in het 17e eeuwse Leeuwarden. (Werkstuk tweedejaarswerkgroep Universiteit van Amsterdam 1989/1990). Meidielings, help en stipe fan Prof. Dr. L. Noordegraaf, Meindert Schroor, Klaas Zandberg, Jan Faber en oaren bin ik tige tankber foar.
2) RAF, Hânskriften Provinsjale Biblioteek, 596.
3) Hardomans, Op de Doot Van den Wel-Edelen, Edelen Heer, mijn Heer HENNINGH-GEÖRGH van ANDRE: Mede Raedt in't hoge hof van Frieslandt. (Ljouwert, Sijdtse Rinnerts, 1656)
4) Foar in wiidweidiger beskriuwing fan sykte, syktebyld en besmettingswize sjoch û.o.: L. Noordegraaf en G. Valk, De Gave Gods. De pest in Holland vanaf de late middeleeuwen (Bergen NH 1988); R. Rommes, 'Pest in perspectief. Aspecten van een gevreesde ziekte in de vroegmoederne tijd,' Tijdschrift voor sociale geschiedenis 16;3 (1990) 244-266; J.N. Biraben, Les hommes et la peste en France et dans les pays européens et mediterranéens (Parys/Den Haach 1975/'76) 2 dielen: en L. Bradley, 'Some Medical Aspects of Plague,' yn: The Plague Reconsidered. A new look at its origins and effects in 16th and 17th century England (Stafford 1977).
5) Foar it Nederlânske 'druppelinfectie'.
(s. 75)
6) Rommes, 'Pest', s. 251 e.f.
7) Pest komt fan it Latyn 'pestis', dat yn it earst foar alle soarten fan besmetlike sykten (en ek wol oare pleagen en ûnken) brûkt waard. Nei de Swarte Dea (om 1350 hinne) wurdt it wurd pest mear en mear inkeld foar de sykte dy't him yn bubonen en karbonkels oppenearret, brûkt. Allinne yn'e bibel wurdt it wurd noch yn'e oarspronklike betsjutting brûkt. (Biraben, Les hommes, s. 22.)
8) Dizze boarneproblematyk beheint him oars net ta Ljouwert en Fryslân. Hollân is it oars noch oars mei steld. Sjoch: Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 37.
9) Boarnen: Worperi Tyaerda ex Renismageest, prioris in Thabor, Chronicon Frisiae. Libri Tres (Ljouwert 1847), s. 190. Pierius Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Vrieslant (Frjentsjer, Ian Lamrinck, 1622), s. 205 en 223. P. Gerbenzon (red.), Kleine Oudfriese Kronieken (Grins 1965), passim. Peter Jacobsz van Thabor, Historie van Friesland (Ljouwert 1973), s. 9 en 11. Christianus Schotanus, Beschryvinge end Chronijk vande heerlickheydt van Frieslandt Tusschen't Flie end de Lauwers (Frjentsjer, Ids Alberts/ Ljouwert, Jan Hendriks, 1655), passim. Eggerik Benninga, Volledige Chronyk van Oostfrieslant (Emden 1723), s. 144 en 207. K.O. Meinsma, De Zwarte Dood 1347-1352 (Zutphen 1924), s. 432 en 435. S.P. Popta, Dissertatio Historico-Medica Inauguralis de Morbis epidemicis, qui in urbe et regione Groningae tractuque Frisico vicino, a saeculo xiii ad saeculi xviii finem, grassati sunt (Grins 1836), s. 21-26. B.H. Slicher van Bath, 'Middeleeuwse welvaart,' yn: J.J. Kalma e.o. (red.) Geschiedenis van Friesland. (Drachten 1968), 201-228, s. 223.
It oersjoch fan boarnen is net folslein, gâns oare boarnen en literatuer soene ús noch fierder ynljochtsje kinne. It wie lykwols net it doel fan dizze stúdzje om dizze allegearre op te sneupen. It wie ek net mooglik om de betrouwberheid fan'e boarnen te hifkjen. Allinne de pestjierren foar 1349 dêr't gewach fan makke wurdt, binne út it oersjoch weilitten. Dizze pestjierren binne meastentiids ferwizings nei oare ûnken en pleagen, of se binne as gefolch fan flaters yn'e literatuer bedarre. Der binne foarearst noch gjin oanwizings dat de pest foar 1349 yn ús streken hearske hat.
10) M.J. van Heemstra, Old Burger Weeshuis (Ljouwert 1959), s. 22 konstatearret foar 1587-'88 in hegere stearte yn it weeshûs. Neffens har as gefolch fan'e pest. De troch har oanhelle boarne makket lykwols gjin melding fan pest. (GAL, OBW, 185 f.127.) Hurde bewizen ûntbrekke hjir dus.
1609 is as pestjier te finen yn Ph. Breuker, 'Hege stjerte yn Fryslân foar 1804', Ut de smidte fan de Fryske Akedemy 18de jiergong nr. 4 (1984), 18-19. (Mei in ferfolch yn oare nûmers.) Breuker ferwiist hjirby nei W. Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden, de hoofdstad van Friesland 2 dielen (Ljouwert 1846), diel 2 s. 36. Neffens Eekhoff wie der lykwols net yn 1609 mar yn 1619 pest yn Ljouwert, en wie doe it pesthûs yn gebrûk. Beide jierren wurde lykwols nearne net yn primêre boarnen (magistraatsresolúsjes) as pestjier oanmurken. De troch Schroor publisearre doop- en trousifers wize ek net op in demografyske krisis yn dizze jierren. (Ferlykje: M. Schroor, 'De demografische ontwikkeling van Leeuwarden in de zeventiende en achttiende eeuw (1606-1793),' Leeuwarder Historische Reeks IV (Ljouwert 1993) 40-104, taheakken.) Om dizze redenen binne 1609 en 1619 as pestjier trochskrast.
Neffens in list mei de nammen fan'e wezen yn it weeshûs (GAL, OBW, 109) soenen der yn 1627 twa wezen oan'e pest stoarn wêze. Dit is lykwols net mooglik om't beide wezen nei 1652 yn it weeshûs kommen binne. Nei alle gedachten hie der 1657 stean moatten.
H.W. Steenstra, Algemeene geschiedenis van Friesland, deel II (Minnertsgea 1845), s. 459. jout 1637 as pestjier. Dit is lykwols in ferkearde ynterpretaasje fan de boarne dêr't Steenstra it úthelle hat, J. Hilarides, It aade Friesche terp, of kronyk der Vrye Friesen: met Bijvoegsels en Aantekeningen van J. van Leeuwen (Ljouwert 1834), s. 465/466.
Yn 1652 wie der ek gjin pest yn Ljouwert. De earder neamde list mei wezen befettet in aparte list mei de nammen fan'e wezen dy't yn 1652 yn it weeshûs wennen. Efter eltse namme stiet oantekene oft dizze persoan yn'e rin fan'e tiid it weeshûs ferlitten hat ('uijt'), yn it weeshûs stoarn is (doot), of dat er oan'e pest stoarn is ('doot' 'pest' of 'doot p'). It is dus net in list fan wezen dy't yn 1652 úttreden of (oan'e pest) stoarn binne sa't dizze list ynterpretearre wurdt troch Van Heemstra, Old Burger Weeshuis, s. 32.
1655, de lêste út it rychje trochskraste pestjierren, is as pestjier te finen yn: De slaende hant Gods, over de voor-naemste Steden van't Christenrijk; In't besoecken met Pestilentiale sieckten sedert het jaer 1600 tot aen't jaer 1664 (Amsterdam, Otto Barentsz. Smient, 1664) (Oerprinte yn Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 40/41.) Neffens dit pamflet soene der yn 1655 yn Ljouwert op ien dei 56 pestdeaden begroeven wêze. Sa'n grutte epidemy (sa'n 300 deaden yn ien wike!) soene je fan ferwachtsje dat oare (f'ral primêre) boarnen der ek gewach fan meitsje. Dit is lykwols net sa. Neffens my hie dit berjocht oer Ljouwert dan ek by de berjochten oer de pest yn 1656 stean moatten.
NB Dizze noat is yn'e printe fersy weirekke!
11) GAL, SAG, 37. Ofprinte yn: Oorkonden der geschiedenis van het Sint Anthony Gasthuis te Leeuwarden uit de 15e en 16e eeuw (s.p. 1876) II dielen, diel I s. 209.
12) Visscher hat dit net goed oanfield. Sjoch: R. Visscher, De archieven van het St. Anthony-Gasthuis te Leeuwarden 1425-1813 (Ljouwert 1921), s. 18.
13) Rommes, 'Pest', s. 250.
14) Breuker, 'Hege stjerte', s. 19. O. Postma, 'Het Rekenboek van het Hasker Convent (1500-1520)', De Vrije Fries XXXIII (1936), 1-28, s. 16-17. J.A. Mol, 'Haskerkonvint 1464-1521: It sukses fan in Windesheimer kleaster', De Vrije Fries LXXIII (1993) 25-62, s. 47.
15) Breuker,'Hege stjerte', s. 19.
16) Rommes, 'Pest', s. 251. H.F. Thijssen, Geschiedkundige beschouwing der ziekten in Nederland, in verband met de gesteldheid des lands en de leefwijze der inwoneren (Amsterdam 1824), s. 201-202.
17) G.F. Thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, Groot placaat en charterboek van Vriesland. VI dielen (Ljouwert 1768-1795) (tenei oanhelle as Charterboek), II, s. 622.
18) GAL, Aldrjochterlik argyf, f1, Recesboek 1538 f. 334-335.
19) Benninga, Volledige Chronyk, s. 721.
20) Ferlykje: Bradley, 'Some Medical Aspects', 19-20.
21) Charterboek III, s. 640.
22) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 98/99.
23) Yn Hollân is allinne fan Doardt bekend dat de pest dêr yn 1564 omgyng. (Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 226.) Ut in oare boarne fernimme we dat yn dit jier ek in besmetlike sykte op Flylân omgyng. Pest? (Hedendaagsche Historie of Tegenwoordige Staat van Friesland, 4 dielen. (Amsterdam, Leien, Doardt en Harns 1785-'89), diel II s. 593.)
24) Oorkonden St. Anthony Gasthuis, II s. 617. R. Visscher, 'Een ziekenhuis in Leeuwarden in vroegere eeuwen,' yn: Leeuwarden 1435-1935 (Ljouwert 1935) 90-105, s. 94.
25) GAL, O.A. M93-M101, Plakkaatboek I, f. 169.
26) GAL O.A. M93-101 Ljouwerter Plakkaatboeken III 20, 147, 150, 153, 159; en GAL, Magistraatsresolúsjes. Dat de pest ek noch yn 1583 omgyng is basearre op Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving II, s. 34. Syn melding fan pest yn 1580 (diel I, s. 251) is net konsistint.
Neffens it oantekeningenboek fan Dirk Jansz. gie de pest yn 1599, 1603 en 1604 yn Fryslân en yn it bisûnder yn it Bildt om. Foar Ljouwert wiene foar dit tiidrek lykwols allinne de jierren de 1602 en 1603 as pestjier oan te wizen. De oantekenings fan Dirk Jansz hjir dêrom Pro Memorie. P. Gerbenzon e.o., Het aantekeningenboek van Dirk Jansz, Estrikken XXXI (Grins 1960), s. xlvi, 3, 74 en 85.
27) Schroor, 'De demografische ontwikkeling', s. 64.
28) Mûnlinge taljochting fan Schroor.
29) A.P. Nienes e.a., De Archieven van de Universiteit van Franeker 1585-1812 (Ljouwert 1985), s. 176.
30) GAL, Certificaatboeken 1621-1646, f. 158.
31) GAL, Magistraatsresolúsjes.
(s. 76)
32) RAF, Schwartzenberg-argyf, 196 en 220b; en GAL, OBW, 109.
33) RAF, Schwartzenberg-argyf, 220b.
34) GAL, Magistraatsresolúsjes.
35) GAL, Magistraatsresolúsjes, 15-10-1635. GAL, O.A. M212a, Stedelijke Publicatiën, nr. 3, kêst 5.
36) M.P. van Buijtenen, 'Uit het dagboek van Bernardus Furmerius. Friese curiosa uit de jaren 1603-1615', Leeuwarder Courant, 15-7-1950.
37) As befolkingstal foar 1603 is 11.000 nommen, basearre op J.A. Faber, 'Drie eeuwen Friesland,' yn: AAG-Bijdragen 17 (Wageningen 1972) II dielen, diel II s. 405. Faber jout dit oantal foar 1606 as in minimum. Om't 1603 trije jier earder is en folget op in oar pestjier, haw ik der lykwols foar keazen it befolkingstal net heger te roaien.
38) Skatting fan it stjertesifer eksklusyf de stjerte oan'e pest. Ferlykje: Rommes, 'Pest', s. 254 e.f.
39) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, Bijlage 3, s. 233-235.
40) Oantekening fan Van Leeuwen yn Hilarides, Aade Friesche Terp (1834), s. 465/466. Van Leeuwen neamt as boarne: Lucas Trelcatius, Teghen-gifte teghen de peste (Ljouwert 1637). Dit boekje haw ik wakker om socht, mar spitigernôch net werom fine kinnen.
41) Ferlykje Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 40/41 en 51. De ferhâlding tusken it tal deaden yn'e wike mei de heechste stjerte en it totale tal deaden yn it jier wie yn 1636 yn Leien ca. 1:9,9 en yn 1655 yn Amsterdam ca. 1:13,7 en yn Leien 1:12,9.
42) Faber jout foar 1606 11.000 en foar 1666 15.000 ynwenners. (Faber, 'Drie eeuwen', II s. 405.) 1636 leit der presiis tusken yn, dat dêr is it gemiddelde foar nommen.
43) RAF, Schwartzenberg-argyf, 196.
Sjoch ek: J.H. Goslings-Lysen, 'Uit het leven van Agatha van Starkenborgh (1620-1670)', Historie in Woord en Beeld 2e jrg. (1939-'40) 6-18, s. 9/10. Hjir troch fersin lykwols de deadetallen foar de iene en de oare wike.
44) It lettere Old Burger Weeshuis wie doe noch it iennichste weeshûs.
45) Van Heemstra, Old Burger Weeshuis, s. 33.
46) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 62 en 233.
47) GAL, OBW, 109.
48) Twa kear stiet der efter de namme sawol 'doot' as 'uijt'(gegaan).
49) De ferhâldingen binne hjir yn persintaazjes werjûn om betizing mei stjertesifers (op jierbasis) foar te kommen.
50) Van Heemstra, Old Burger Weeshuis, s. 46.
51) Jan Faber, 'Lijst van de leden van het Leeuwarder Grootschippersgilde,' Nieuwsbrief Studiegroep Geschiedenis Leeuwarden 25 (maaie 1994), ynlieding.
52) Ferlykje: GAL, Gilde-argiven, 38.
53) Jan Faber, 'Lijst van de leden', ynlieding.
54) Sjoch ek: M. Schroor, "Een jonghe aencomende Lantstadt' Een poging tot reconstructie van de bevolkingsomvang en de bevolkingsgroei van Leeuwarden in de zestiende eeuw (1511-1606),' Leeuwarder Historische Reeks III (1992) 107-142. s. 125.
55) Schroor, 'Demografische ontwikkeling'.
56) Dizze reaksy wurdt yn 1656 troch Agatha van Starkenborgh ek yn Berltsum wiernommen. (RAF, Schwartzenberg-argyf, 220b) Sjoch ek: Goslings Lijsen, 'Uit het leven', s. 9.
57) RAF, Schwartzenberg-argyf, 196.
58) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, 187.
59) Dizze diskusje waard koartlyn noch mûnling fierd op de lêzingenmiddei 'De zwarte rande van de Gouden Eeuw' (3 septimber 1993 Universiteitsbibliotheek Amsterdam) troch de sprekkers L. Noordegraaf en H.F.J. Horstmanshoff. Krityk op Noordegraaf en Valk fine wy ek by: W. Rutten, 'In de schaduw van de pest. Reacties op pokkenepidemieën in de Republiek in de zeventiende en achttiende eeuw,' yn: W. De Blécourt e.o. (red.) Grenzen van genezing. Gezondheid, ziekte en genezen in Nederland tot begin twintigste eeuw (Hilversum 1993) 172-202. s. 172.
60) GAL, Magistraatsresolúsjes, 26-10-1656.
61) De Frânsman Charles Ogier gie yn 1636 bygelyks gewoan de stêd yn om hynders te keapjen, wylst er wist dat de pest dêr omgie. Sjoch: A. Wassenbergh, 'Reisindrukken van den Franschen Gezantschapssecretaris Charles Ogier uit Friesland en Groningen in het jaar 1636,' De Vrije Fries 37 (1943), s. 164.
62) Jan de Vries, Barges and Capitalism. Passenger Transportation in the Dutch Economy, 1632-1839 (Utert 1981), s. 228 en 287.
63) Winsemius, Chronique, s. 205.
(s. 77)
64) Yn syn foaropwurd yn: A. Sneeberger, Catalogus medicamentorum simplicium et facilè parabilium pestilentiae (Ljouwert, Jan Starter, 1616), s. A3.
65) Noordegraaf en Valk hawwe de lêste jierren in protte omtinken jûn oan'e reaksjes op'e pest út'e kalvinistyske hoeke. G. Valk, 'Een gesel of een gave Gods. De pest in de Republiek,' Skript 9 (1987/'88), 223-232. Noordegraaf en Valk, Gave Gods, passim. L. Noordegraaf, 'Zacharias Heyns' Pest-Spieghel uit 1602,' yn: W. De Blécourt e.o. (red.), Grenzen van Genezing. 157-171. L. Noordegraaf, 'Calvinism and the plague in the seventeenth-century Dutch Republic,' yn: H. Binneveld en R. Dekker (red.), Curing and insuring. Essays on illness in past times: the Netherlands, Belgium, England and Italy, 16-19th centuries (Hilversum 1993) 21-31.
66) Ph. H. Breuker, Friese cultuur in de jonge Republiek (Leien 1991), s. 9/10.
67) RAF, Hânskriften PB, 596.
68) RAF, Schwartzenberg-argyf, 220b. Sjoch ek: Noordegraaf, 'Calvinism', s. 26.
69) RAF, Schwartzenberg-argyf, 220b.
70) Hardomans, Op de Doot
71) Yn: Sneeberger, Catalogus Medicamentorum, s. A4.
72) Om it tal ferwizings beheind te hâlden, jouw ik hjir in oersjoch fan'e fynplakken fan resolúsjes en ordonânsjes de pest oanbelangjende: GAL, O.A. M93-M101, plakkaatboeken, I 169, III 159, III 147, III 150, III 153, VII 49; Charterboek, II 622, III 640, III 1066, III 1068, IV 271 en IV 1262; (foar in part boarnepúblikaasjes út'e Ljouwerter plakkaatboeken); GAL, Magistraatsresolúsjes, 12-9-1602, 13-9-1602, 19-9-1602, 18-7-1603, 15-10-1635, 13-8-1636, 19-8-1636, 14-3-1656, 16-7-1656, 21-7- 1656, 6-8-1656, 26-10-1656, 29-10-1656, 12-7-1666, 24-7-1666, 31-7-1666, 22-8-1666; GAL, O.A. M 212a Stedelijke Publicatiën 3 en 4; GAL, Stêdsbiblioteek, D 462 Gedrukte keuren en reglementen, 1636-1821. Hjirfan: Ordonnantie By de Magistraat der Stad Leeuwarden gemaeckt: Tegens verscheydne Ongeregeltheden ende Misbruycken, soo in't bekleden, op-draghen der Dooden, als andersins, voor desen gepleeght (Ljouwert, Claude Fonteyne, 1636).
73) RAF, Schwartzenberg-argyf, 220b.
74) Sjoch ek: Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 216.
75) Ferlykje: A. Telting, De Friesche Stadsrechten. O.V.R. 1-5. (Den Haach 1883), s. 231/232.
76) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 32.
77) Ferlykje: Eekhoff, Geschiedkundige Beschrijving, I s. 211. Charterboek, IV s. 284 en 471. (De lêsten komme oerien mei GAL, O.A. M93-M101 Plakkaatboeken, III 141 en 177.)
78) Noch altyt wurde hûnen en katten by de deaden fuortholden. Terjocht, want der binne gefallen bekend dat hûnen en katten harren sêd diene oan minskeliken. Hûnen kinne sels troch de grûn hinne it lyk rûke, en it komt wol foar dat se liken opgrave en opfrette. Yn pesttiden seach men sa faken dat hûnen (en har âffaars wolven) op tsjerkhôven har gerak sochten. Sjoch: P. Barber, Vampires, Burial and Death. Folklore and reality (New Haven/Londen 1988), s. 27, 92, 124, 125, 134 en Haadstik 10 noat 17 en 18.
79) Sjoch noat 24. Neffens Visscher waarden der foar dy tiid ek al pestpasjinten yn de beyer ferplege. De boarne dy't se dêrfoar oanhellet, makket lykwols allinne mar gewach fan it foarkommen fan pest yn it gasthûs, en net fan ferpleging. (Visscher, Archieven St. Anthonij-Gasthuis, s. 18)
80) Ferlykje: Visscher, Archieven St. Anthonij-Gasthuis, s. 17-18.
81) Charterboek, III s. 856.
82) Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving, I s. 197 en 249-251 en II, s. 34-36.
83) Hokker middels hjirfan ek yn Ljouwert brûkt binne, is fjirder gjin ûndersyk nei dien. Listen mei medisinen tsjin de pest binne û.o. werom te finen yn twa yn Ljouwert printe pestboekjes: it earder oanhelle A. Sneeberger, Catalogus Medicamentorum, en N.A. Frambesarius, Pest-Boeck (Ljouwert Claude Fonteyne, 1644). Schotanus makket gewach fan it ôfbaarnen fan karbonkels yn'e midsieuwen. (Schotanus, Beschryvinge, s. 355.)
84) Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 120. L. Knappert 'Van sterven en begraven,' yn: Uit onzen bloeitijd. Schetsen van het leven onzer Vaderen in de XVIIe eeuw I,3 (Amsterdam s.j.), s. 9, 16, 25 en 35/'6. P. den Boer, 'Naar een geschiedenis van de dood. Mogelijkheden tot onderzoek naar de houding ten opzichte van de dood ten tijde van de Republiek,' Tijdschrift voor Geschiedenis 89 (1976), 161-201, s. 172 e.f., 184 en 193/'4. De ferklearring fan Kalma dat froulju net mei mochten te begraven om't se tefolle prate soene, is te simpel. J.J. Kalma, Om Gysbert Japiks hinne. Fryslân yn'e XVII-de ieu (Boalsert 1963), s. 239.
(s. 78)
85) Ferlykje: Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 91. De maatregels fan'e oerheid op dit mêd hawwe blykber net bjuster effektyf west. Yn'e njoggentjinde ieu fine we noch oerbliuwsels fan dizze wizânsje werom, en dizze ieu komme wy it 'tûkjegebrûk' noch tsjin yn Wâldsein. (W. Dykstra, Uit Friesland's volksleven van vroeger en later II dielen (Ljouwert 1895), diel I s. 419. M.J. Schootstra, 'Ald Bigraffenisgebrûk,' De Stim fan Fryslân 14, 21 en 28 feb. 1947. Op'e Balkan bestie de tradysje fan it fersieren fan'e deadsfetten fan jongferstoarnen ek. Hjir waarden blommen op'e kiste lein om foar te kommen dat de deade as fampier weromkomme soe. Men leaude dat benammen jongferstoarnen en pestdeaden in grutte kâns hiene om as fampier werom te kommen. (Barber, Vampires, s. 132.)
86) GAL, Aldrjochterlik argyf f1, Recesboek 1538, f. 334-335.
87) Ferlykje Noordegraaf en Valk, Gave Gods, s. 230-232.
88) As ferlikingsmatriaal binne brûkt de earder oanhelle stúdzjes van Noordegraaf, Valk en Rommes; en J. Th. Klinkenberg, 'Dye quade siecte. De pest in Maastricht in de zestiende en zeventiende eeuw,' Tijdschrift voor Sociale Geschiedenis 16 (1990), 267-286.
89) GAL, Magistraatsresolúsjes, 24-11-1771.