Ds. J.J. Kalma

Afb. 1.
Men droech om 1600 hinne oan 'e gurdle faek in moaije medalje en ek in gauris gouden toskepluzer. Portret van Idzerd Sirtema van Grovestins.

Yn syn moaije boek „Der Zahnstocker und seine Geschichte” freget dr. Hans Sachs, of William Shakespeare lest hawn hat fan pyn yn 'e mûle. Hij komt ta dy foar in toskedokter oars net fremde fraech, om't der yn it wurk fan de greate Ingelskman sa folle praet wurdt oer de „toothpick” (de toskepluzer).
Sa soene wij ek freegje kinne, hoe't it der yn Gysberts mûle útsjoen hat. Yn syn „Suwnerlinge forhanlinge ....” (Wurken 1936, p. 280) seit er ommers, dat wij minsken faek dogge „az dy jinge aeaeck dy de heele wycke ynne dwelm roan habbe to kiermjen, mar asse de hân-maester kommen sieane om dy uwt to luwcken, nin tosckseertme meer fielle”. Dochs is dit iennichste plak, der't Gysbert fan pyn yn 'e mûle praet en de „Suwnerlinge forhanlinge” is ek noch in oersetting. Yn it origineel fan Philippe de Mornay wurdt praet fan „ceux qui toúte la semaine auront couru les mes du mal de dents et, quand ils voyent le barbier qui la vient arracher, n'ont plus de douleur” (Dr. C. Kramer - Gysbert Japicx as oersetter en biwirker, Assen 1943, p. 163). As in „biwiisplak” is dy útspraek dus net to brûken.
Der is lykwols al in reden om to skriuwen oer de toskepluzers, dy't yn Gysberts tiid brûkt binne. Wij fine n.l. yn de ynvintaris fan de dichter (fgl. Kalma - G. J., p. 228) ûnder it sulverguod in „silveren tandstoockelaer” neamd. It is nijsgjirrich nei to gean, hoe't dy dingen yn 'e 17de ieu brûkt binne en hoe't se der út seagen.
Fansels, it bisykjen om it minsklik gebyt to forsoargjen en, as it koe, to bihâlden is al heel âld. Forskillende toiletartikels komme yn 'e âldheit al foar en wurde faek mei inoar neamd. Foaral de kombinaesje toskepluzer, earleppeltsje en burdtankje fine wij faek neamd. Hja sitte ek wol yn in étui. Der binne ek ynstruminten om de nellen to forsoargjen (fgl. Max Ebert - Reallexicon der Vorgesichte XIV, p. 481, ek Tafel 14c). J. Marquardt - Das Privatleben der Römer (Leipzig 1879, p. 756) fortelt ús, dat de âlde Romeinen al kunsttosken hienen. M. Val. Martialis en Petronius neame de toskepluzer.
Yn 'e Midsieuwen hearre wij fan dy dingen folle minder. Langetiid gie it bij it iten frij rûch om en ta, oant der yn 'e 14de en 15de ieu bisocht wurdt in bytsje fetsoenliker to iten. Der komme (p. 151) dan „tafelwetten”, der't de lju fan de wrâld har wiisheit út helje. Yn sokke wetten wurdt b.g. leard, dat men it mes net brûke mocht om de tosken skjin to meitsjen. Ek de tonge doogde der net ta. It spielen fan de mûle mei wyn wie goed en ek it ôfwriuwen fan de tosken mei sealje, sâlt of alún. Yn de 15de ieu komt ek it gebrûk fan de toskepluzer wer op. Lang hie men dêrta it hout fan de mastik-beam brûkt, mar nou sjogge wij moaije toskepluzers fan sulver en strak goud yn gebrûk kommen.
Dy toskepluzers skine der noch al ynfallen to wêzen - it gebyt fan de lju, dy't in bulte fleis ieten, wie ek net sa bêst - wij hearre to minsten al gau protesten. Yn de tafelwetten fan de Neurenburger Hans Sachs wurdt ús forteld, dat it net goed is (ûnder iten) yn 'e noas om to plúzjen of to folle yn 'e tosken to sitten. Erasmus, dy't ek noch al hwat goede winken jown hat, forbiedt it peuterjen mei mês, fingers of servet. Hij seit:

...... „men doe het met de punt
eens tandenstokers, aan het einde wel gedund,
het sy van mastikhout of afgesneden pennen,
of scharpe beentjes, 't zij van haanen of van hennen.”
 
(Van de borgerlijke wellevendheid der kinderlyke zeden in vaersen gebracht door Michiel Romans (Amsterdam, 1693), in oersetting fan De Civilitate morum puerilium, 1530).

De minske fan de lette Midsieuwen en de Renaissance libbe hwat oars as wij, Yn goed en yn kwea liet er himsels gean en bijnammen bij iten en drinken kaem dat út. Sa sjogge wij al gau de lju iepentlik mei har toskepluzers omtyspeljen. Der wurdt forteld fan de ingelske reverend Dr. Bois, dy't yn 1550 berne wie en 83 jier âld wurden is, dat er frij folle oandacht joech oan hygiène. Fan him sei men „after meat, he was careful, almost to curiosity in picking and rubbing his teeth, esteeming that a special preservative of health” (Shakespeare's England 1950, II, p. 142). Hja meitsje dy toskepluzers ek sa moai mooglik fan sulver of goud, mei edelstiennen ynlein. Dr. Sachs jowt it byld fan in fornaem jonkman, dat Alessandro Oliveiro yn it bigjin fan de 16de ieu skildere hat, en nou to Dublin biwarre wurdt. De jongkeardel hat in prachtige toskepluzer oan in ketting om 'e hals.
Dit wurdt yn 'e 16de ieu regel. Foaral yn Frankryk waerd de gewoante tige hiem (ca. 1590). De toskepuzer bihearde ta de útris fan de man fan de wrâld. Moaije waerden om 'e hals droegen en gewoane hie men sa mar yn 'e mûle. Bikend is it forhael fan (p. 152) de admirael de Coligny, de skoanheit fan Prins Willem I, dy't as Hugenoat yn 1572 formoarde waerd. Lyk as in modern Amerikaen mei syn stikje kaugom roun hij mei in toskepluzer yn 'e mûle. Hij die dat yn 'e fjildslach en ek bij feesten oan it hof. De moardners hawwe dêrom ek in toskepluzer yn 'e mûle fan it skeinde lyk set!
Op portretten út de 16de ieu fine wij dy „curedent”, „toothpick”, „tantstoocker” faek ôfbylde. Wij founen skilderijen fan Lucas Cranach, Berhard Strigel, Conrad Faber en Lorenzo Lotto, der't sa'n foarwerp of in soartgelikens op ôfbylde wie. Faek brocht men kombinaesjes fan earleppeltsje, toskepluzer en jachtfluitsje. Soms is der ek noch in segelstimpeltsje bij. Allegearre dingen dus, dy't yn it deistich libben brûkt waerden (fgl. Pantheon 1930, p. 575; 1931, p. 2; 1939, p. 23; 1941, p. 76, 276).

Afb. 2.
Toskepluzer op Adriaen van Cronenburg syn portret fan Goffe van Roorda (1547), yn it Frysk Museum.
Afb. 3.
Toskepluzer mei earleppeltsje op it portret fan Johan Tjaerda van Starkenborgh (1595) yn it Frysk Museum.

Nijsgjirrich is it, dat it yn safolle opsichten efterlike Fryslân hwat dit oangiet tige goed meikomme koe. Wij fine op it skilderij fan Goffe fan Roorda, dat Adriaen van Cronenburg makke hat (1547) (fgl. Dr. A. Wassenbergh - L'art du portrait ...., XII) in toskepluzer, mar ek op de portretten fan Syds fan Botnia (1575) (Wassenbergh o.w., LVII), fan Johan Tjaerda van Starkenborgh (1595) (Wassenbergh o.w., LXXXII) en fan Haring fan Sytzama (1603) (Wassenbergh o.w., LXIX). De kombinaesje mei in earleppeltsje of mei in stel ringen komt faker as ienris foar. Men kriget de yndruk, dat de gewoante om sa ôfbylde to wurden foaral hjir yn it Noarden libbe hat. It Grinzer Museum hat portretten fan Enno van Diepholt en syn wiif Johanna Ripperda van Winsum (1595), dy't ek beide in toskepluzer sjen litte. Yn Hollân fine wij sokke skilderijen lang sa folle net (fgl. it portret fan Joannes Muys van Holy út Dordt (A° 1572, Muller 2461).
Dat sokke foarwerpen foar deistich gebrûk hwat eigens hienen kinne wij ek sjen yn it kistke, dat bij it ôfbrekken fan Tjaerdastate to Rinsumageast (1834) foar it ljocht kaem (biwarre yn it Frysk Museum). Wij fine hjiryn forskate dingen (û.o. toskepluzers, earleppeltjes) fan de yn de 17de ieu útstoarne slachten Hermana en Tjaerda. Hja binne wierskynlik opburgen, om't de brûkers forstoarn wienen, en men net hawwe woe, dat hja yn forkearde hannen foelen (fgl. Leeuw. Courant 1951, 19 Mei).
Om 1600 hinne binne de toskepluzers oeral yn West-Europa yn gebruk. Utsein de moaije eksimplaren droegen de lju har yn 'e mûle. Oan tafel setten se de foarwerpen yn it dessert. De tosken waerden skjinmakke, foart de fruchten iten waerden. Eallju (p. 153) en hja, dy't der graech foar trochgienen, hienen lykwols pluzers út edel metael makke. Yn Breêro's Spaansche Brabander (r. 1590) seit Jeronimo: „Tsa Moeschaatje (= jonge) geeft may mayn gulde tinde-stoocker.”
Yn Ingelân skynt de gewoante om moaije „toothpicks” to brûken letter opkommen to wezen en sa komt it, dat Shakespeare de „toothpick” faek sjocht as it biwiis, dat immen op it kontinent reizge hat en dat er gewoonten hat, dy't yn „merry old England” noch net sa sear libben. De man fan de wrâld droech in „toothpick” oan in ketting om 'e hals, en hij brûkte ek in sulveren foarke bij it iten (Shakespeare's England 1950, I, p. 18). Dat waerd oanstellerij achte. Yn „Much ado about nothing” (II, I, r. 274) freget Benedict oan Don Pedro, om der op út stjûrd to wurden nei de oare ein fan de wrâld ta. Hij sil dan in toskepluzer helje út it fierste hoekje fan Asië. Yn „A Wintertale” (IV, 4, 780) hearre wij, dat in harder Autolycus in heech man fan it Hôf achtet. Dat er der hwat fremd útsjocht is krekt in biwiis, dat er in tige fornaem persoan is. Ek de wize fan brûken fan de toskepluzer falt op (fgl. ek King John I, 1, r. 190; All's well .... I, l, r. 171; III, 2, r 8).
Yn de 17de ieu brûkten de lju, dy't op reis gienen en net mear Genôch hienen oan in mês of heechstens in leppel en in mês, wol kombinaesjes fan in leppel en in foarke, dy't gearflapt en dan yn in étui oan 'e gurdle droegen waerden. Yn it boek fan C.T.P. Bailey - Knives and Forks (London .... 1927, tig. 60) fine wij sa'n kombinaesje fan foarke, leppel en toskepluzer, dy't oan 'e riem yn in étui droegen waerd. De skriuwer tinkt dat de kombinaesje Flaemsk is en datearret op likemôch 1600. Hubert Stierling jowt yn syn boek „Der Silberschmuck der Nordseeküste ....” (Neumünster i. H. 1935, p. 152) in bistekkoker mei earleppeltsje en toskepluzer („Zahnhaken”), dy't er ek op 1600 datearret.
Yn ienfâldige, boargerlike formiddens en bij lju, dy't net folle reizgen, kamen sokke kombinaesjes net foar. Yn de ynvintaris fan Gysbert fine wij „11 tafelborden”, itensboarden dus, nei alle gedachten noch fan hoút. Der is fierder yn 'e keuken „een lepelbord met acht lepels”. Wij fine wol „een vorckjen” en „een vleijsvorck” en dan noch „14 silveren lepels”, „3 eyerlepels” (ek fan sulver), „een rood lepel met silver beslagen”. Foarken om to iten komme net foar en wij moatte oannimme, dat yn it gesin fan de dichter mei mes en leppel iten waerd. De „23 seruetten” en „40 handoecken” sizze yn dit forbân ek eat. (p. 154)
Hoenear hat Gysbert de „tantstoockelaer” brûkt? Wij soene tinke wolle oan mieltiden bûten hûs yn it 17de ieuske Bolswert. Yn alle gefallen kaem de „tantstoockelaer” dan mei. Thús hat er it misskyn dien mei hoútsjes fan 'e mastikbeam1 of mei in stik guozzefear. Hij wie op it lêst ek skoalmaster. Mar brûkt hat er de toskepluzer wol.
De Súdnederlanner Carel Baten (Carolus Battus), in dokter, Dy't yn 'e 2de helte fan de 16de ieu libbe, hat in „Secreetboek vol heerlijcke konsten” mei alderlei recepten skreaun, dat yn 1664 en 1694 to Ljouwert printe is. Hij wie hjir dus bikend. Faeks hat men hjir dus ek witten fan in foarskrift, dat er yn syn Medicynboek (1589) jown hie: „Ghy en sult niet laten, naer den eten, altijdt de Tanden reyn te maken, met eenen Tantstoker, ende daernae den Mondt met Wijn wt te spoelen.” Der kin master Gysbert him ek oan hâlden, hawwe. It wie in âld recept, dat ek yn folle earder tiid al foarkomt. Gysbert-en-dy brûkten fleis. Wij fine bij him op solder „een vleysvat” en moast „Samuel Haringhouck boeckverkoper” bij Gysberts forstjerren net 10 g. 9 st. en 8 p. hawwe, „voor een syde koevlees”? Wij fine yn syn ynvintaris gjin wynglêzen neamd, mar in pear „brandewynbeeckers” binne der al. Fan de man, dy't wiste „de miette iz dioer” (Wurken p. 50) en dy't in drankslij soan hie, is net to forwachtsjen, dat er in bulte brûkt hat, mar wij meije oannimme, dat er foar it iten of dêrnei efkes preaun hat en, sa't men yn syn dagen noch die, de mûle omspield.
Hoe't dy „tantstoockelaer” fan Gysbert der út sjoen hat witte wij net. Misskyn kinne wij tinke oan in foarwerp as it sulveren earleppeltsje mei toskepluzer (lang 8,3 cm, gewicht 7 gram), dat út in terp to Makkum foar it ljocht komd is (Fr. Mus. ynv. nr. 1195c), mar de namme út de ynvintaris wiist yn 'e rjochting fan in losse „tantstoockelaer”.
Lit ús hoopje, dat Gysbert bij al syn fortriet der oan 'e ein ta gebrûk fan makke hat en dat er net de jeld kend hat, sa't Haytse-Yem dy tekent (Wurken p. 52, 169-175), mei in „muwlle sonder Tosken”!

1) Fgl. S. A. Gabbema - Friesche lustgaarde. Leeuw. 1686, p. 75.