It wittenskiplik jierboek De Vrije Fries (sûnt 1839) wurdt útjûn troch it Frysk Genoatskip yn gearwurking mei de Fryske Akademy.
De ynhâld bestiet út wittenskiplike artikels en mear essayistyske bydragen op it mêd fan de Fryske skiednis, keunst, literatuer en argeology.
Keninklik Frysk Genoatskip, Fryslân en De Vrije Fries
Op dizze webside fine jo ynformaasje oer it Keninklik Frysk Genoatskip en de 2 periodiken dy't it Genoatskip útjout: it publykstydskrift Fryslân en it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries.
Leden fan it Frysk Genoatskip krije De Vrije Fries en Fryslân fergees tastjoerd. Boppedat kinne se, en leden fan har húshâlding, nei it Fries Museum en aktiviteiten fan it Genoatskip.