Grave nei de woartels fan de Fryske kennisekonomy
Datum en tiid: freed 16 desimber 2016 | 13.00-17.00
Plak: WTC Expo, Ljouwert (yn it ramt fan 'e Lânboubeurs)
Utnûgingsfolder: download (pdf)
Hoe garre it Fryske bedriuwslibben eartiids nije kennis en feardichheden? In team fan histoarisy hat him de ôfrûne tiid yngeand mei dy fraach dwaande holden. Foar in breed publyk wurdt dit nije ûndersyk presintearre op it Sieperda-sympoasium, dat dit jier folslein yn it teken stiet fan Fryske bedriuwsskiednis. De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Akademy en it Fries Genootschap.
Meast tekenjend foar de moderne Fryske ekonomy is it ynternasjonale súkses fan de agribusiness. Sa binne de Fryske ko en de byhearrende suvelyndustry wrâldwiid ferneamd. De bydragen op it sympoasium konsintrearje harren op foarbylden út it agraryske bedriuwslibben en de suvelyndustry. By it sympoasium wurdt troch lêzingen en debat yngien op de aktualiteit: wat kin it ferline ús leare yn it stribjen nei in fearkrêftige ekonomy?