De websiden fan it Keninklik Frysk Genoatskip en Histoarysk Tydskrift Fryslân wienen sa ferâldere dat it bestjoer besletten hat om te fernijen. De kleuren binne frisser, de sosjale media binne yntegrearre, mar it belangrykste is dat wy no better sichtber meitsje kinne dat it Koninklijk Fries Genootschap twa perioadiken útjout. Njonken ynformaasje oer Het Genootschap, is ek ynformaasje oer De Vrije Fries en Historisch Tijdschrift Fryslân te finen fia dizze nije webside. Wy hoopje jo op dizze wize goed te ynformearjen oer ús taken, doelstellingen en perioadiken.

Mear as ien lid fan it Keninklik Frysk Genoatskip hat ús de lêste tiid frege hoe't it komt mei de frije tagong fan de KFG-leden ta it Fries Museum. Oanlieding hjirfoar wie de freoneklupfan de nije freonenklub foar en troch it Fries Museum. It bestjoer fan it Genoatskip lit lykwols witte dat de frije tagong foar leden fan it KFG, ek yn de takomst, ûnderdiel bliuwt fan it lidmaatskip fan it Genoatskip.

Bestjoer KFG