(25ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2019) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.
Klippfisk is in iuwenâlde metoade foar it konservearjen fan fisk. Pionier yn de produksje dêrfan, benammen yn Kristiansund (Noarwegen), wie de Hylper Jappe Ippes (1655-1718). Syn skiednis jout in goed byld fan de hannelsrûtes fan Fryske skippers en hout-, sâlt en fiskhannelers ein 17de, begjin 18de iuw. En fan Jappe syn frjemde houlik.