Fryslan jan feb 2019-cover(25ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2019) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Klippfisk is in iuwenâlde metoade foar it konservearjen fan fisk. Pionier yn de produksje dêrfan, benammen yn Kristiansund (Noarwegen), wie de Hylper Jappe Ippes (1655-1718). Syn skiednis jout in goed byld fan de hannelsrûtes fan Fryske skippers en hout-, sâlt en fiskhannelers ein 17de, begjin 18de iuw. En fan Jappe syn frjemde houlik. 

 

De nacht fan freed 15 maart 1793 begûn sa rêstich, mar einige yn in freeslik drama. Yn tichte dize, yn de Blauwe Slenk by Flylân, rekke de grutte oarlochstrijemêster De Dwinger yn 'e brân. Yn it inferno kamen 67 minsken om. 

Pieter Buwalda (1866-1932) fan Holwert mei dan lestich te googelen wêze, yn it ‘donkere, pikzwarte dorp’ wie er in praktysk ynstelde foaroanman fan de sosjalistyske beweging.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.