Fryslan ma apr 2019low-cover 288x350(25ste jiergong, nr.2, maart/april 2019) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

In opfallende pastel tusken de nije oanwinsten dy’t it Fries Museum dizze maitiid presintearret: Mata-Hari, skildere troch Piet van der Hem, benammen troch de fynst, ferline jier, fan in tsiental brieven fan de dûnseres oan de skilder. Se litte in koarte, wiere leafdesskiednis sjen tusken de twa Friezen. De Amsterdamske publisistes Jessica Voeten en Angela Dekker sochten it foar ús út. 

Cornelis Pijnacker wie in diplomaat yn Steatske tsjinst dy’t de ‘Barbarijse kapers’ ûnder kontrôle krije moast. Fia fia kaam er telâne op in heechlearaarsstoel yn Frjentsjer, en rekke fertiisd yn Amelanner kwestjes. 

Yn de wrâld fan de Fryske Bewegers wie Pieter de Clercq, soan út in foarnaam Amsterdamsk laach, in aparte ferskining. Hy skreau de Lytse Fryske Spraekleare en sette in part út de Bibel oer, mar gie úteinlik lilk werom nei Hollân. 

400 Jier lyn wie de Synode van Dordrecht, dêr’t djipsinnich diskusjearre waard oer de genedelear. Mar ek oer in nije tsjerke-oarder. Dy lêste waard yn Fryslân ôfwiisd. Wêrom?

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.