Fryslan mei jun 2019cover 288x350(25ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2019) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Yn de desennia om 1900 hinne feroare it boerelânskip yn in soad opsichten troch in stream fan fernijingen. Oanjagers wienen fernijers, yndividuen. De oerheid spile amper in rol. Yn Fryslân wie Jan Timmer in eksponint. Hy wie in stik drokker mei syn ynnovative inisjativen as mei syn kij. Leafst 34 maatskiplike funksjes hie er; by de nutsspaarbank, it sikefûns, de Fryske hynstefokkerij, suvelfabryk, ja, sels yn de polityk wie er aktyf.  

De riedselige ‘Brolsmastien’ sette Kees Kuiken oan ta in histoarysk ûndersyk nei de betsjutting en komôf fan it wapen fan de Brolsma’s. En Gerrit Bloothooft en David Onland (RU Utrecht) ûntlede it mooglike ferbân tusken Fryske identiteit en it jaan fan Fryske foarnammen. 

De orrery yn it Martenahuis is opknapt. ‘Orrery’? Dêr sille net folle lêzers fan heard hawwe. Dat komt goed út; yn dizze Fryslân fertelt konservator Marjan Brouwer deroer. Se docht dat ek op de Algemiene Ledegearkomste fan it Keninklik Frysk Genoatskip, op woansdei 26 juny, yn Museum Martena, dêr’t dy orrery te bewûnderjen is.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.