Fryslan jul-aug 2019 cover 288x350(25ste jiergong, nr.3, july/augustus 2019) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Theun de Vries-kenner Douwe Kootstra gong op syk nei de plakken dy’t de bekende skriuwer neamt yn syn bondels De vertellingen van Wilt Tjaarda. Mei wat muoite binne de swalktochten fan de jonge De Vries lâns de Swette en de Kûkhernsterwei goed werom te finen. 

 

Ut in mannichte oan soms ûnfolsleine gerjochtlike stikken út allerhanne boarnen wist Frans Thuijs in aparte moard op 25 novimber 1762 en de justisjele gefolgen dêrfan te rekonstruearjen. Krekt boppe Cormharne, tusken Piaam en Gaast, moat de santjinjierrige tsjinstfaam Antje Sjeerps de moeting mei de suterige swalker Elias Davids mei de dea belije. De misdie wie in mislearre ferkrêfting, folge troch moard út panyk. It ferhaal waard letter flink oanset yn ûnder mear Het Nieuwsblad van Friesland, Sljucht en Rjucht en it Friesch Dagblad

Fierder in opmerklike stúdzje oer it Pommersk en it Frysk troch Eric Hoekstra (Fryske Akademy). En Egge Knol ferklearret de frjemde printtitel Ein Burger von Groningen auβ Frieβland.

 

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.