Fryslan sept okt 2019 cover 288x350(25ste jiergong, nr.4, septimber/oktober 2019) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

By it wurd Fiking hat hast elkenien fuort in byld foar de geast. Op Wickie de Viking nei binne dat meastentiids amper freedsume foarstellingen. In slutende ferklearring, wêrom’t tûzenen Skandinavyske krigers yn de 9de en 10de iuw yn see stutsen om kuststreken te plonderjen, bestiet noch altyd net. Der binne mar in bytsje skriftlike boarnen; wy moatte it foaral dwaan mei ynterpretaasjes dy’t archeologen op boaiemfynsten loslitte. 

  

Dochs wie de ynfloed fan de Fikingen grut: se stichten oant djip yn it hjoeddeiske Ruslân/ Oekraïne riken, en ek yn Normandië en Sisilië. Wat dat oangiet soenen se grif thúshearre yn in kanon fan de Europeeske skiednis. 
Op see hearsken de Fikingen troch prima skipstypen en dryst gedrach. Ienkear op lân moasten se profitearje fan raids, flugge plondertochten. Tsjin geregelde Karolingyske legers koenen se net op. 
Ek de Fryske lannen moasten deroan leauwe, lykas de ferwoasting fan Dorestêd bewiist. Dêr tankje wy ikoanyske skoalplaten oan, prominint yn dizze Fryslân.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.