cover fryslan jan feb 2018(24ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Yn it begjin fan de 20ste iuw like de Fryske literatuer op stjerren nei dea. Sels Jan Jelle Hof, de foarman fan de Fryske Beweging, fûn it Frysk in folkstaal, gjin wiere kultuer. Krekt yn dy jierren skreau Teatse Holtrop út Drylts. Mar de tiid siet him dus tsjin. En dan ek noch ris neiroppen te wurden as dranksuchtich. Miskien hie er tefolle lêst fan it nearzige Drylts, miskien moast it publyk neat ha fan syn soms wat swiere kost (Twa susters, De wylde boerinne). As in peal boppe wetter stiet syn bûtengewoane taalbehearsking: syn oersettingen fan Shakespeare syn Hamlet en Julius Caesar kin men ek sjen as oanklacht tsjin de doe lamliddige posysje fan de Fryske literatuer.

Lês mear...

(23ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2017) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).Fryslan november december 2017-1-cover website

Ien fan Johan Cruijff syn wiisheden is ‘sjochst it net earder as datst troch hast’, in trochtinker dy’t goed past by wat achter Fryske gevels oan weardefol erfgoed skûlet. Pas no’t it hurde wurk fan de Stichting Interieurs in Fryslân gemeente foar gemeente mei deeglike ferslaggen de iepenbierheid siket, realisearje we ús hoe’t ús omtinken him beheinde ta de bûtenkant fan histoaryske gebouwen. 

Lês mear...


Cover-350-bij-420(23ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2017) 
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf-bestân)

Sa yntinsyf oft de betinking fan Luther syn stellingen yn Dútslân fierd wurdt, sa frij ûnferskillich bart dat yn Fryslân. It liket op de stadige protestantisearring dy’t ús kontreien yn de 16de iuw ûndergie. Begien katolyk wie de Fries net, yn it begjin fan de 16de iuw, en kennis fan wat Luther c.s. aanrjochten, kaam mar fragmintarysk binnen. Oant de Opstân yn alle heftichheid útbrekt (tsjin 1580) en de ûnôfhinklikheidsstriid ek by ús it leauwe yn de macht krijt, skarrelet it Fryske sielelibben rêstich hieltyd fierder fuort fan de katolike memmetsjerke, net bot dwers sitten troch tsjerklik of bestjoerlik gesach dat oars wol.

Lês mear...

(23ste jiergong, nr.4, july/augustus 2017) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Oant fier bûten de lânsgrinzen sprekt Margaretha Zelle, benammen bekend as Mata Hari, bot de ferbylding: Frânske boeken, Dútske, Amerikaanske, in telefyzjesearje troch de BBC; it kin net op. Net sa frjemd dus, dat it Fries Museum dizze hjerst in bysûndere útstalling oan har wijt. Doeke Sijens ûndersiket it libben fan de berne Ljouwerter frou om derachter te kommen wat der no sa spesjaal oan is. Dat smyt in soad eigenskippen op: Mata Hari wie in fantaste, in lúkse prostituee, in minne spionne, in matige keunstneresse, dy't yn har ferlet fan aventoer en lúkse hieltyd har biografy op 'e nij útfûn en sadwaande in web fan riedsels en mytes breide. De achtergrûn fan de Earste Wrâldoarloch heakke dêr grutte dramatyk oan ta.

 

Lês mear...

(23ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2017) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).Fryslan mei juni 2017-1-cover website

De bysûndere geology fan Fryslân is de oarsaak fan 'ivige' diskusje yn de behearsking fan it oerflaktewetter. Om yn it suden en Lege Midden buorkje te kinnen, moat hieltyd hurder pompt wurde en dêrtroch sakket de boaiem ek hieltyd. Dat kostet jild, in hiel soad jild. En it kostet lânskip. De bou fan it Woudagemaal by Teakesyl is de tastberste utering fan de boerestriid tsjin wetteroerlêst. In histoarysk oersjoch fan Karel Gildemacher.

Lês mear...