Novimber 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Nederlân is in seefarrend lân, al iuwen en iuwen lang. Fryslân is dat, as kustprovinsje by útstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend lân witte we eins noch net folle fan ús maritime skiednis. Sa fertoant de kennis fan de ekonomyske betsjutting fan de seehannel op it Baltikum -dat de grûn lei foar ús wolfeart- noch in soad gatten. Troch it hurde wurkjen fan de klerken fan de Deenske kening komt dêr stadichoan ferbettering yn. Fan 1497 oant 1857 hâlden se ta geunste fan de tolheffing foar de kening yn de Sont presys by wat foarbykaam, sa'n 1.800.000 skipsbewegingen. Leafst 700 tsjokke, hânskreaune bannen melde skippers, har wenplak, lading, skipstype, komôf, bestimming. Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins binne no hast trije jier dwaande dizze grutte berch gegevens te digitalisearjen (sjoch www.soundtoll.nl) sadat wittenskippers en sneupers statistyske analyzes útfiere kinne en dêrmei nije ferbannen lizze.

Lês mear...

Novimber 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Nederlând is in seefarrend lân, al iuwen en iuwen lang. Fryslân is dat, as kustprovinsje by útstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend lân witte we eins noch net folle fan ús maritime skiednis. Sa fertoant de kennis fan de ekonomyske betsjutting fan de seehannel op it Baltikum -dat de grûn lei foar ús wolfeart- noch in soad gatten. Troch it hurde wurkjen fan de klerken fan de Deenske kening komt dêr stadichoan ferbettering yn. Fan 1497 oant 1857 hâlden se ta geunste fan de tolheffing foar de kening yn de Sont presys by wat foarbykaam, sa'n 1.800.000 skipsbewegingen. Leafst 700 tsjokke, hânskreaune bannen melde skippers, har wenplak, lading, skipstype, komôf, bestimming. Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins binne no hast trije jier dwaande dizze grutte berch gegevens te digitalisearjen (sjoch www.soundtoll.nl) sadat wittenskippers en sneupers statistyske analyzes útfiere kinne en dêrmei nije ferbannen lizze.

Lês mear...

Septimber 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Nei bûten!
It is net lestich te rieden wêrtroch't dit 'Jaar van de historische buitenplaats' sa suksesfol is. Stiet it bouwurk der noch, dan is dat trochstrings moai om te sjen en prikelet de nijsgjirrichheid trochdat it faak net te besjen is. Is it ferdwûn, dan libbet de mysterieuze skiednis troch, net selden mei dramatyske foarfallen, mei it ferfal en de net te kearen sloop as spektakulêr ein. De ferhalen oer de bewenners (elke famylje ken bizarre figueren en swarte skiep) dogge de rest.
Yn Fryslân dogge we net te lestich oer de definysje. Suvere bûtens (boargerlike lânhuzen) binne der net folle, dus telle we ek adellike stinzen (Schierstins) en dito states (Crackstate) mei. Sa komme we op in moai oantal fan fyftich.

Lês mear...

July 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Het is moeilijk meer voor te stellen dat sport vroeger een ietwat obscure bezigheid was voor ofwel mensen met tijd, geld en malle ideeën, ofwel 'fanatiekelingen'. Anderhalve eeuw geleden was sport, zeker in Friesland, een kleine bijzaak die soms snel kon uitgroeien tot een hoofdzaak. Sport werd gezien als een vorm van variété (passief), soms om gauw geld en roem te verdienen (schaatsen en kaatsen). Meestal lag de organisatie in handen van kasteleins en lang stond meedoen in het teken van geldprijzen willen winnen. Veel voetbalvelden waren tot diep in de 20ste eeuw in eigendom van de kroegbaas. Het speelveld was doorgaans het verlengde van het dranklokaal.

 

Lês mear...