Fryslan nov dec 2018cover(24ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

It Fries Museum hat hege ferwachtingen fan de útstalling Rembrandt en Saskia, liefde in de Gouden Eeuw, oan it begjin fan it Rembrandtjaar 2019, en mei in stevige Fryske ynbring. It tema is goed keazen: twa ferneamde minsken, dy’t fereale op elkoar wurde en tsien jier lokkich by elkoar binne. Se drage ek yn dizze Fryslân de fertelling oer omgongsfoarmen, de kultuer fan leafhawwe en trouwe yn de Gouden Iuw. En drama: it meie gouden jierren wêze, Saskia stjert noch foar har tritichste. 

 

Lês mear...

Fryslan sept okt 2018cover website(24ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Hieltyd minder Friezen krije it Frysk-eigene mei de brijleppel fan de Rimen en Teltsjes bybrocht. Sûnt in pear desennia is de sokkel ûnder dy monumintale ferhalen en fersen fan de Grouster bruorren Halbertsma weilutsen. En dochs belibje we in feestlik Halbertsma-jier, mei yn dizze Fryslân as tema Joast Halbertsma. 

Lês mear...

Fryslan juli aug 2018cover website(24ste jiergong, nr.4, july/augustus 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

De universiteit fan Frjentsjer ferbyldet noch altyd in Fryske fantoompine. Mei University Campus Fryslân wurdt besocht om it ‘ferlern akademyske terrein’ foar de provinsje wat werom te winnen. Mar wat gie doe eins ferlern? Wat moatte wy ús by it Frjentsjerter ynstitút foarstelle? Wie it by de opheffing yn 1811 net al in toarre tûke?

Lês mear...

cover fryslan mei juni 2018(24ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

No't hieltyd mear minsken har in miening foarmje oer it lânskip, wurde ek de dêr oanwêzige pleatsen prominint ûnderwerp fan diskusje. Heech tiid om ús te ferdjipjen yn it ûntstean fan de Fryske pleats, hielendal mei it each op de iepening fan it nije Frysk Lânboumuseum op 22 juny.

Lês mear...

cover fryslan maart april 2018(24ste jiergong, nr., maart/april 2018) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Wigle van Aytta, Wurdumer fan goede komôf, krige in status dy’t gjin Fries foar of nei him wist te berikken. Wigle, dy’t syn namme nei de gelearde moade yn it Latyn oanpaste nei Viglius, hie in bestjoerlik-wittenskiplike karriêre om dêrnei oan it Habsburger hôf yn Brussel ta de heechste rûnten troch te kringen. Hy wie beslissend yn it ta stân kommen fan de Transactie van Augsburg, dêr’t de Nederlannen as Boergondyske Kreits in status fan semy-ûnôfhinklikheid mei krigen. Hy fergeat syn Frysk komôf net, mar woartele mear en mear yn Flaanderen, dêr’t er yn Leuven it Collegium Viglianum stichte.

Lês mear...